Springe nei ynhâld

Rene Louiche Desfontaines

Ut Wikipedy
Rene Louiche Desfontaines
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Frânsk
berne14 febrewaris 1750
berteplakTremblay, Ille-et-Vilaine
stoarn16 novimber 1833 (83 jier)
wurkpaad
berop/amtBotanikus, ornitolooch
reden
  bekendheid
Flora Atlantica

René Louiche Desfontaine (14 febrewaris 1750 – 16 novimber 1833) wie in Frânske botanikus. De standert-auteursôfkoarting Desf wurdt brûkt om him as de skriuwer oan te jaan by it neamen fan in botanyske namme.

Desfontaines waard berne yn Tremblay yn Bretagne. Hy folge it Collège de Rennes en yn 1773 gie er nei Parys om genêskunde te studearjen. Syn niget oan 'e plantkunde ûntstie troch lêzingen fan Louis Guillaume Lemonnier by de Jardin des Plantes. Hy blonk út yn syn nije fakgebiet en waard ferkeazen as lid fan de Académie des Sciences yn 1783. Hy wie ek lid fan 'e Académie Nationale de Médecine.

Desfontaines hold twa jier ta yn Tuneezje en Algerije, en kaam werom mei in grutte kolleksje planten. Hy skreau de Flora Atlantica (1798–1799, 2 dielen), dy't 300 genera omfette dy't nij wiene foar de wittenskip.

Derneist wurke er ek oan ornitology, en presintearre er de útkomsten fan syn ekspedysjes nei Afrika foar ien fan 'e Memoires de L'Académie Royale des Sciences. Hoewol't de Mémoire oerienkomt mei it jier 1787, waard it earst yn 1789 publisearre troch L'Imprimerie Royal as ûnderdiel fan 'e Histoire de L'Académie Royale de Sciences. De opskuor fan 'e Frânske Revolúsje kin de tagong ta de tekst sa krap makke hawwe dat de ornitolooch Alfred Newton yn 1880 de orizjinele tekst opnij publisearre ûnder de titel Desfontaines's Mémoire sur quelques nouvelles espèces d'oiseaux des côtes de Barbarie yn opdracht fan 'e Willughby Society fan Londen.

Yn 1786 waard er beneamd ta heechlearaar botany oan 'e Jardin des Plantes; hy ferfong dêr Lemonnier. Letter waard er direkteur fan it Muséum National d'Histoire Naturelle, wie ien fan 'e oprjochters fan it Institut de France, presidint fan 'e Akademy fan Wittenskippen, en waard keazen ta lid fan it Légion d'honneur. Under de Frânske Revolúsje waard er beneamd ta lid fan 'e Commission Temporaire des Arts, dêr't hy in nije fisy op Natuerhistoarje foarme.

It plantegeslachten Desfontainia en Fontanesia binne nei him ferneamd.

Flora atlantica, 1797
  • Flora atlantica ..., 2 dielen, 1798–1799
  • Tableau de l'école de botanique ..., 1804
  • Choix des plantes du Corollaire des instituts de Tournefort, 1808
  • Histoire des arbres et des arbrisseaux ..., 1809
  • Voyage dans les Régences de Tunis et d'Alger, 1838
Boarnen, noaten en/as referinsjes: