Springe nei ynhâld

René Karst

Ut Wikipedy
René Karst
sjonger en/of muzikant
René Karst (2014)
René Karst (2014)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeRené Karst
nasjonaliteit Nederlânsk
berne13 augustus 1966
berteplakHoogeveen
stoarn21 novimber 2025
stjerplakHoogeveen
reg. identiteitFlagge fan Drinte Drintsk
wurkpaad
sjenrefolksmuzyk
sjongtaalNederlânsk
grutste hit(s)Liever te dik in de kist,
Atje voor de sfeer
jierren aktyf1979-2025

René Karst (Hoogeveen, 13 augustus 1966 - dêre, 21 novimber 2025) wie in Drintsk sjonger. De karriêre fan Karst begûn oan de ein fan de 1970-er jierren, doe't er mei syn mem Jannie Karst-Dubbelboer begûn op te treden as Duo Karst. Ek waard er producer fan oare artysten. De bekendheid fan Karst kaam ta ein 2010-er jierren net fierder as de provinsjegrinzen fan Drinte. Doe't er it ferske Liever te dik in de kist útbrocht krige er ek lanlike bekendheid. Nei Liever te dik in de kist folge yn 2019 ek noch Atje voor de sfeer.

René Karst ferstoar op 21 novimber 2025 hommels yn 'e âldens fan 59 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: