Remonstrantske Tsjerke (Friedrichstadt)

Ut Wikipedy
Remonstrantske Tsjerke, Friedrichstadt

De Remonstrantske Tsjerke (Dútsk: Remonstrantenkirche) yn it Súd-Sleeswykske Friedrichstadt waard yn 1624 boud, nei't flechtlingen út Nederlân harren hjir op útnûging fan hartoch Frederik III nei wenjen setten. Yn Friedrichstadt mochten de flechtlingen harren leauwen frij en sûnder beheining praktisearje. It is de iennichste remonstrantske tsjerke bûten Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oprjochting fan de tsjerklike gemeente, de earste remonstrantske gemeente fan 'e wrâld, waard der fuort útein setten mei de bou fan in eigen tsjerke. De gemeente bestie foar in grut part út hannelslju mei goede ynternasjonale konneksjes en waard sadwaande nei ferrin fan tiid in rike gemeente.

It tsjerkgebou hat bot litten ûnder de Dútske bombardeminten op de stêd yn 'e de Earste Dútsk-Deenske Oarloch yn 1850 en moast fan 1852 oant 1854 alhiel op 'e nij opboud wurde. Lykas de Minnistentsjerke fan Friedrichstadt is de Remonstrantske Tsjerke ienfâldich en sûnder útwrydske dekoraasje.

It âlde hôf achter de tsjerke waard al yn 1621 oanlein.

De tsjerke waard yn 2003-2010 opknapt en yn 2011 waard de restauraasje fan it oargel ôfsletten. De gemeente winsket no noch in klok foar yn de toer.

Boppe de yngong docht in plakette tinken oan de werbou fan de tsjerke. De (Nederlânsktalige) tekst seit:

Gebouwd in 1624, door de stichters dezer stad, uitgeweken uit Holland om der vrije godsdienst wille, genaamd remonstranten. Vernield door het oorlogsvuur 5 october 1850. Herbouwd 1854. God geve hier vrede, Hem zij de eer.[1]

Eksterne trochferwizing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.remonstranten.org/friedrichstadt/