Remco Heite
| Remco Heite | ||
| echte namme | Hendrik Reint Heite | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 8 febrewaris 1946 | |
| berteplak | Steggerda | |
| stjerdatum | 2 febrewaris 2026 | |
| stjerplak | Wolvegea | |
| etnisiteit | ||
| partij | PVDA | |
| Boargemaster fan Weststellingwerf | ||
| amtsperioade | 1989-2005 | |
| foargonger | Jan Schurer | |
| opfolger | Gerard van Klaveren | |
Hendrik Reint (Remco) Heite (Steggerda, 8 febrewaris 1946 - Wolvegea, 2 febrewaris 2026) wie in Frysk politikus fan de PvdA.
Heite is ôfstudearre yn de Nederlânske taal en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam en waard yn 1975 learaar Nederlânsk oan it Professor Ter Veen Lyceum (no Zuyderzee College) yn Emmeloard. Yn 1982 waard er gemeenteriedslid yn Weststellingwerf en rillegau ek wethâlder. Fan 1987 ôf naam er as loko-boargemaster de honeurs waar fan de sike boargemaster Jan Schurer dy't yn junt 1989 kaam te ferstjerren. Hoewol't it net wenst wie, waard Heite letter dat jier fan loko-boargemaster ta boargemaster fan deselde gemeente beneamd. Ut reden fan swierrichheden mei syn sûnens joech Heite yn 2005 it boargemasterwêzen oer.
By syn ôfskied waard it Remco Heite Schaaktoernooi yn it libben roppen. Heite hie in soad niget oan skaken. Hy garre skaakboeken en hat sels ek boeken oer skaken en skakers skreaun, lykas de biografy en bibliografy fan Haije Kramer. Heite fersoarge goed tolve jier (oant yn 2021) de skaakrubryk yn de Ljouwerter Krante.
Remco Heite ferstoar op 3 febrewaris 2026 yn’e âldens fan 79 jier.