Reliktmiuw
| reliktmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Reliktmiuw yn briedkleed. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ichthyaetus relictus | ||||||||||||
| Lönnberg, 1931 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De reliktmiuw of de Sintraalaziatyske miuw (Ichthyaetus relictus) is in middelgrutte miuwesoarte. Oant 1971 waard tocht dat it in eastlike foarm fan 'e swartkopmiuw (Ichthyaetus melanocephalus) wie. Tradisjoneel waard de soarte by it skaai Larus yndield, mar no wurdt er ta it skaai Ichthyaetus rekkene. De namme 'relikt' ferwiist nei de teory dat de soarte eartiids in grutter ferspriedingsgebiet hie en no noch op in lyts tal isolearre plakken foarkomt.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reliktmiuw is 44 oant 45 sm lang en hat in swier, kompakt lichem. Net briedende folwoeksen fûgels hawwe in grizige kop en nekke en wjukken mei wite úteinen. Yn 'e briedtiid hawwe de fûgels in swarte kap (ek de nekke), in griisbrune foarholle en opfallende, heale moannefoarmige wite tekeningen efter, boppe en ûnder de eagen. De reliktmiuw hat yn 'e briedtiid in opfallende, felreade eachring. Ek de snaffel is felread. De poaten binne oranje oant read.
Fersprieding en habitat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reliktmiuw briedt op ferskate plakken yn Mongoalje (lykas de marren Galuut, Khukh en Chukh), twa lokaasjes yn Kazakstan, ien yn Ruslân en ien yn Sina (Hongjiannao-mar). In lyts oantal fûgels lûkt bûten de briedtiid nei Súd-Koreä. Dêrneist binne der sterke oanwizings dat gruttere groepen nei de kusten fan eastlik Sina lûke, benammen nei de Bohai-baai, al bliuwt it in tige beweechlike populaasje dy't swierrichheden hat om gaadlike rêstplakken te finen.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De briedtiid begjint begjin juny en rint oant begjin augustus. Se briede yn koloanjes op eilannen yn sâltwettermarren. Dizze plakken binne tige kwetsber. As marren drûchfalle of it wetterpeil te heech wurdt, briede se net. Ek as eilannen te lyts wurde, begroeid reitsje, of oan 'e igge fêstgroeie, bliuwe de fûgels fuort. Bûten de briedtiid binne se te finen op modderplaten en sânbanken yn estuaria.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krekte grutte fan 'e populaasje is lestich te bepalen fanwegen de ôfhandige en kwetsbere briedlokaasjes. Rûzings rinne útien fan minder as 10.000 oant likernôch 20.000 folwoeksen eksimplaren. De IUCN klassifisearret de soarte as 'kwetsber' (Vulnerable), mei in populaasjetrend dy't troch de measte ornitologyske organisaasjes as delgeand beskôge wurdt. De delgong wurdt benammen feroarsake troch de ynstabiliteit fan it briedhabitat lykas feroarings yn it wetterpeil fan 'e briedmarren. Oare bedrigingen binne predaasje troch oare miuwen, heilstoarmen en oerstreamings. Ek is der in tekoart oan geskikte rêstplakken op 'e trek. Om dit op te kearen binne der natoerreservaten oprjochte yn Mongoalje, Kazakstan en Ruslân.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
