Reklamespotsje
In reklamespotsje, of op syn Ingelsk in commercial, is in yn 't foar makke lûdsopname of fideo dy't bedoeld is om in produkt of tsjinst oan te priizgjen sadat der mear fan kocht of gebrûk fan makke wurdt. Dizze foarm fan reklame waard oarspronklik ûntwikkele foar de radio, mar krige fral in protte ynfloed nei de yntroduksje fan 'e tillefyzje yn 'e 1950-er jierren. Letter waarden der ek reklamespotsjes makke foar ynternetsiden.
It alderearste reklamespotsje waard op 28 augustus 1922 útstjoerd troch de Amerikaanske pleatslike radiostjoerder WEAF (no WFAN) yn New York. It wie reklame foar in appartemintekompleks yn 'e buert Jackson Heights yn 'e borough Queens, dat boud wie troch de Queensboro Corporation. It earste tillefyzjereklamespotsje, foar horloazjes fan it merk Bulova, waard útstjoerd op 1 july 1941 op 'e Amerikaanske regionale tillefyzjestjoerder WNBT (no WNBC), ek út New York.
Troch de tiid hinne binne reklamespotsjes in hieltyd wichtigere boarne fan ynkomsten wurden foar radio- en tillefyzjestjoerders, yn 't bysûnder kommersjele stjoerders. It tal spotsjes dat útstjoerd wurdt, is meitiid stadichwei tanommen, wylst de lingte fan 'e yndividuele spotsjes navenant ôfnommen is. Der binne ek langere reklamespots yn in pseudo-dokumintêre styl, dy't infomercials neamd wurde en útstjoerd wurde as de stjoertiid goedkeap is, lykas nachts. Yn 2018 waard rûsd dat yn 'e Feriene Steaten allinnich al tillefyzjestjoerders mei reklamespotsjes $69,9 miljard fertsjinnen.
Behalven produkten en tsjinsten wurde mei reklamespotsjes ek ideeën oanpriizge, bygelyks ideeën ta ferbettering fan 'e maatskippij (ideële reklame) en politike ideologyen of partijen. Yn Nederlân bestiet foar dat lêste doel spesjaal de Stjoertiid foar Politike Partijen (ZPP). Ek yn guon oare lannen, lykas Frankryk, binne datoangeande beheinings fan krêft. Yn in protte lannen, lykas de Feriene Steaten, besteane oangeande politike reklamespotsjes gjin wetlike beheinings, en kin eltsenien sa'n spotsje meitsje en útstjoere litte. Dat soarget yn kampanjetiid foar in barraazje fan sokke spotsjes, dy't it elektoraat lang net altyd wurdearje kin. Yn guon lannen, lykas Noarwegen, binne politike reklamespotsjes lykwols folslein ferbean.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: References, op dizze side.
|
