Reinder van Kleffens
Reinder van Kleffens, (Dokkum 29 maaie 1760 - dêre, 5 febrewaris 1838), wie in ûndernimmer, boargemaster en provinsjaal bestjoerder.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie de soan fan Eelke Klases van Kleffens en Sjoerdje Ynses Faber. Hy ferlear syn heit doe't er 10 jier wie. De drokke saken fan syn heit, stienfabryk, sâltsiederij, izerhannel, waarden doe beheard troch syn sweager Johannes Fockema. Sadree't Reinder genôch middelber ûnderwiis folge hie, kaam er yn dy saken terjochte en soe dêr oant hege âlderdom mei besteld wêze. Hy waard al op 11 desimber 1780 lid fan de froedskip fan syn bertestêd en waard net lang dêrnei troch de stêd Dokkum kommittearre yn de Fryske Steaten. Hy wie in echte patriot en ien fan de ûndertekeners fan it manifest fan 3 septimber 1787, wêrby't in minderheid fan de Steaten him ôfskate. Der waard besletten om yn Frjentsjer gear te kommen, mar doe't koart dêrnei it Prusyske leger yn it lân ferskynde, flechten hy en syn meistanners, foar safier't se net finzen nommen waarden, nei it bûtenlân. Earst nei de Súdlike Nederlannen en doe nei Sint-Omaars yn Frankryk. Hy waard 28 novimber 1787 mei Court Lambertus fan Beyma, A.J.C. de Bere en A. van Boelens foar it Hôf fan Fryslân dage. Se waarden yn 1788 feroardiele ta ferbanning en ynbeslachnimming fan harren besittings.
Yn 1790 fêstiget er him mei fergunning fan de Steaten fan Oerisel yn Kampen (Vitringa, Gedenkschrift, Arnhim 1857).
Nei de omkear oan it begjin fan 1795 waard syn feroardieljend fûnis neatich ferklearre en waard er op 19 febrewaris oanwiisd as lid fan it provisjoneel bestjoer fan Fryslân. De oare deis waard er keazen ta ien fan de trije leden fan de rekkenkeamer fan Fryslân. Op 23 maart waard er lid fan it komitee foar algemiene saken fan it bûnsgenoatskip fan it lân en 16 july dêrnei waard er ûnder ûntslach keazen ta ûntfanger-generaal fan de floreenrinten; dy beneaming waard de 30ste dêrnei ynlutsen, sadat er lid fan neamd komitee bleau. Hy wie dêr meastentiids foar yn Hollân, en hoewol't er in reedlike patriot ('moderaat') wie, bleau er yn dy betrekking doe't Fryslân kommunistysk [??] waard, oant 2 augustus 1797. Doe waard er yn it distrikt Dokkum keazen as lid fan de Nasjonale Gearkomste.
Hy waard yn septimber 1797 troch syn meileden ta lid fan de kommisje foar ynlânske korrespondinsje beneamd. Om syn reedlike ('moderate') begjinsels waard er mei 27 fan syn meileden by de steatsgreep fan 22 jannewaris 1798 finzen set, earst yn de Voorpoort en op 3 febrewaris op Huis Ten Bosch. Nei de twadde steatsgreep fan 12 juny 1798 waard er de 14de july dêrop frijlitten.
Hy waard koart dêrnei beneamd as kommisjelid fan de administraasje fan de finânsjes fan Fryslân. Tagelyk waard er belêstge mei it tafersjoch op de boargerwapening en op de opbringst fan de belestings. Hy ferfear nei Moarrewâld, gemeente Dantumadiel, en waard dêr yn 1800 âlderling en yn 1801 lid fan de kommisje foar tsjerklike saken yn Fryslân.
Yn 1806 gie er werom nei Dokkum en waard dêr yn 1820 lid fan de ried, yn 1822 wie er ien fan de twa boargemasters en yn 1824 de iennichste. Yn 1837 waard him, op eigen fersyk, ûntslach ferliend. Hy wie nettroud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |