Reinder Spriensma
Reinder Spriensma (Oerterp, 8 juny 1916 - Sachsenhausen, 30 jannewaris 1945) wie in Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.
Ferset
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reinder Spriensma wie bouboer yn Oerterp en aktyf yn it ferset. Hy die mei oan it ferset út syn grifformeard leauwensoertsjoeging wei. Hy waard behelle yn de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (de L.O.). Reinder wie ien fan de oprjochters fan LO-Opsterlân.(?)
Arrestaasje en konsintraasjekamp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 9 augustus 1944 waard er oanholden troch de Dútsers fanwegen it ferskûljen fan twa Joadske ûnderdûkers op syn pleats. De trije waarden nei Grins brocht, dêr't Reinder troch de SD ûnderfrege waard yn it beruchte Scholtenhûs, dêr't it haadkertier fan de SD en de Gestapo yn Noard-Nederlân siet. Om de arrestanten oan 'e praat te krijen oer harren kontakten mei de yllegaliteit waarden se slim mishannele en tramtearre. Reinder joech lykwols gjin krimp.
It arrestearre Joadske pear dr. Abraham Simeon Jacobson (1879-1944), KNO-dokter, en Rosa Granaat (1888-1944), lid fan de famylje Jacobson, is op 3 septimber 1944 nei Auschwitz deportearre en dêr fuortendaliks op 6 septimber fergast.
Spriensma waard fêstset yn it Hûs fan Bewar yn Grins. Op 21 augustus 1944 waard er oerbrocht nei it konsintraasjekamp Kamp Vught yn Noard-Brabân. Lang hat er dêr net west. Na Mâle Tiisdei, 5 septimber 1944, waard de oare dei it kamp al ûntromme. De froulju waarden nei it frouljuskamp Ravensbrück brocht. De manlju, ek Reinder, waarden dy dei mei de trein op transport set nei Oranienburg. Hy moast oan 't wurk yn kamp Sachsenhausen bij Berlyn. Begjin jannewaris 1945 krige er in swiere longûntstekking. Dy waard him fataal. Syn stoflik omskot is kremearre yn it kamp. Reinder Spriensma wie doe 26 jier. Hy liet in jonge húshâlding mei twa lytse bern efter; syn frou wie swier fan harren tredde.
Reinder Spriensma waard postúm it Fersetsbetinkingskrús (VHK) takend.
Op 4 maaie 2018 waard op it tsjerkhôf yn Oerterp in monumint ûntbleate ta neitins oan Reinder Spriensma. De stichting '40-'45 hat yn oerlis mei de neibesteanden in betinkingspylder pleatst mei dêryn syn namme, rjocht tsjinoer de oare betinkingspylder mei de nammen fan oare oarlochsslachtoffers út it doarp.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|