Springe nei ynhâld

Reinder Klaas Terpstra

Ut Wikipedy
Reinder Klaas Terpstra
keatser
persoanlike bysûnderheden
echte nammeReinder Klaas Terpstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum30 novimber 1908
berteplakBitgum
stjerdatum7 oktober 1977
stjerplakBitgum
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sportkeatsen
funksjeOpslagger
PC1930
debút1926
karriêre-ein1940
ekstra1× PC kening (1930)

Reinder Klaas Terpstra (Bitgum, 30 novimber 1908 - dêre, 7 oktober 1977) wie in Frysk keatser.

Reinder Klaas Terpstra wie in soan fan earder keaster Klaas Reinder Terpstra dy't yn 1907 in tredde priis op de PC wûn. Reinder Klaas Terpstra helle 103 punten foar it ivich keatsklassemint.

Yn 1928 wie der in bysûndere útnûging foar Terpstra, want hy mocht as opslagger meidwaan oan in demonstraasje keatspartij op de Olympyske Spullen yn Amsterdam. As oantinken oan dy partij krige hy in fraaie medalje útrikt.

Yn 1930 wûn er mei Nanning Koopmans fan Ljouwert en Klaas Wiebrens Kooistra fan Dokkum de PC. Reinder Klaas Terpstra waard ta kening útroppen.

Nei acht seizoenen as haadklasse keatser hie er oanstriid om him, fanwegen reumatyske klachten, fan it heechste nivo werom te lûken. Twa jier letter besocht er dochs werom te kommen, mar de faasje fan syn opslach wie foargoed foarby. Yn 1940 naam er ôfskied fan it keatsen.
Reinder Klaas Terpstra ferstoar op 7 oktober 1977 yn de âldens fan 68 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: