Springe nei ynhâld

Reiddompen

Ut Wikipedy
Reiddompen
Botaurus stellaris
Botaurus stellaris
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje:reagerfûgels (Ardeidae)
skaaireiddompen (Botaurus)
Stephens, 1819

Reiddompen (Botaurus) foarmje in fûgelskaai út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). De measte soarten yn it skaai binne skruten en wurde faker heard as sjoen. De rop fan 'e fûgel is in djip "hûmp'-lûd dat tige fier draacht en meastentiid yn 'e maitiid yn 'e moarntiid of by it skimerjen te hearren is.

De measte gruttere soarten ha gielbrune kamûflaazjekleuren, mar guon soarten yn bygelyks tropyske gebieten binne donkerder. Se libje in soad yn it reid en by fersteuring kinne se har hast ûnsichtber meitsje troch mei de snaffel rjocht omheech te stean en bytiden weaget de fûgel sels mei it reid mei, sadat se net opmurken wurde.

De soarten komme yn 'e regel yn wiete gebieten foar. Dat kinne sompen wêze en yn 'e tropen ek mangroves, ûnderstrûpt lân of rysfjilden, mar altiten mei in soad begroeiïng. De fûgel jaget op fisk, kikkerts, wringeleazen, wetterynsekten, lytse sûchdieren of jonge fûgels.

Oarspronklik hearden allinne de grutte reiddompen by Botaurus. Sûnt de lêste taksonomyske feroaring binne de lytse woffers (earst Ixobrychus) no opnommen yn it skaai Botaurus. Dy feroaring is basearre op genetyske stúdzjes, dy't útwize dat de lytse woffers net monofilitysk binne sûnder yn Botaurus opnommen te wurden.

De tradisjoneel grutte reiddompen binne:

De yn 2024 nei it skaai ferhûze Ixobrychus-soarten binne:

Der binne noch 13 besteande soarten yn it skaai.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus/Trend
reiddomp Botaurus stellaris Europa, dielen fan Afrika, Aazje net bedrige/stabyl [1]
Australyske reiddomp Botaurus poiciloptilus Austraalje, Nij-Seelân kwetsber/ôfnimmend [2]
Noardamerikaanske reiddomp Botaurus lentiginosus Noard-Amearika, Midden-Amearika net bedrige/ôfnimmend [3]
Súdamerikaanske reiddomp Botaurus pinnatus Midden-Amearika, Súd-Amearika net bedrige/stabyl [4]
Streke woffer Botaurus involucris Súd-Amearika net bedrige/stabyl [5]
Amerikaanske woffer Botaurus exilis Noard-Amearika, Midden-Amearika, Kariben, Súd-Amearika net bedrige/tanimmend [6]
lytse reiddomp (ek: woffer) Botaurus minutus Europa, Subsaharaansk Afrika, Aazje net bedrige/ôfnimmend [7]
swartrêchwoffer Botaurus dubius Austraalje, Nij-Guineä, Yndoneezje net bedrige/tanimmend [8]
Sineeske woffer Botaurus sinensis Eastlik Aazje, Súdeast-Aazje net bedrige/ûnbekend [9]
Mantsjoerijske woffer Botaurus eurhythmus Eastlik Aazje hast bedrige/ôfnimmend [10]
kanielwoffer Botaurus cinnamomeus Súd-Aazje, Súdeast-Aazje net bedrige/ûnbekend [11]
Afrikaanske woffer (ek: dwerchreager) Botaurus sturmii Subsaharaansk Afrika net bedrige/ûnbekend [12]
swarte reiddomp Botaurus flavicollis
(ek: Dupetor flavicollis)
Súd-Aazje, Súdeast-Aazje net bedrige/ûnbekend [13]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: