Springe nei ynhâld

Madearafjoertúfke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Regulus madeirensis)
Madeirafjoertúfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegoudtúfkes (Regulidae)
skaaiechte goudtúfkes (Regulus)
soarte
Regulus satrapa
Harcourt, 1851
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It Madearafjoertúfke is endemysk op it haadeilân fan 'e Madeara-arsjipel.

It Madearafjoertúfke of Madearafjoertoefke (Regulus madeirensis) is fûgeltsje yn it skaai echte goudtúfkes (Regulus) út 'e famylje goudtúfkes (Regulidae). Sûnt 2003 waard it Madearafjoertúfke as in aparte soarte behannele. Foar dy tiid waard de fûgel as in ûndersoarte fan it gewoane fjoertúfke beskôge.

Lykas oare goudtúfkes is it in tige lyts fûgeltsje fan likernôch 9 sintimeter lang mei boppe in oliifgrien fearrekleed. Under is it fûgeltsje bêzje. De kroan is lykas it fjoertúfke ek giel oant oranje, mar hy ferskilt dêrfan troch in folle koarte wynbraustreek, mear swart op 'e wjuk, in mear yntinser goudbrún plak oan 'e side fan 'e nekke en it mantsje hat in doffere oranje kroan. De poatsjes en de snaffel binne langer as by it gewoane fjoertúfke.

De soarte is endemysk op Madeira, dêr se yn ferskillende soarten habitats foarkomme, wêrûnder laurier- en heidebosk, mingde ike- en jeneverbosken en strewellen mei leechgroeiende heide en beamheide. Yn akasia- en eucalyptusplantaazjes, dy't in grut part fan 'e endemyske Madeiraanske laurierbosken ferfongen hawwe, is de fûgel in opfallende ôfwêzige.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aaien.

De briedtiid fan 'e fûgel is yn juny oant july. It nêst is komfoarmich en sit yn in beam. It is net bekend hoefolle aaikes der lein wurde, mar der wurdt oannommen dat it lechsel lytser is as de 7 oant 12 aaien fan it gewoane fjoertúfke. De aaien wurde yn 14,5 oant 16,5 dagen troch it wyfke útbret en de jongen wurdt troch beide âlders fuorre.

De fûgel yt liddepoatigen, fral blêdlús, spinnen, motten en rûpen.

It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is beheind, mar de fûgel is relatyf talryk en de oantallen nimme ta. De IUCN kategorisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024). De hiele populaasje wurdt rûsd op 105.000 oant 211.000 folwoeksen fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: