Regionale Rie (Frankryk)
Appearance
In Regionale Rie (Frânsk: Conseil Régional) is in keazen folksfertsjintwurdiging fan in bestjoerlike regio fan Frankryk. De Rieden wurde keazen foar in termyn fan seis jier, fia algemien, inkelfâldich kiesrjocht. Yn syn midden wurdt in útfierend komitee keazen dy't bestiet út in foarsitter (Président du Conseil Régional) en inkelde fise-foarsitters. De Presidint fan de Regionale Rie is it haad fan it bestjoer fan in regio.
De Regionale Rieden waarden op 5 july 1972 oprjochte. Ynearsten wiene hja net mear as riedjouwende kommisjes en hiene gjin echte macht. Nei it ynfieren fan de desintralisaasjewet fan 1982 krigen de Regionale Rieden echte macht.