Springe nei ynhâld

Rederij Eigen Feartsjinst Skylge

Ut Wikipedy
Rederij Eigen Feartsjinst Skylge
MS Spathoek
MS Spathoek
Namme Rederij Eigen Feartsjinst Skylge
Oprjochte 2008
Opheft 2014
Plaknamme Skylge

Rederij Eigen Feartsjinst Skylge, EVT (Rederij Eigen Veerdienst Terschelling) wie in rederij dy't oprjochte is troch eilânbewenners fan Skylge. It meastepart fan de oandielen wie yn hannen fan eilânbewenners. De rederij ûnderhold in feartsjinst tusken Harns en Skylge. De tsjinst konkurrearre mei Rederij Doeksen op deselde rûte.

Fearboatekriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

EVT waard yn 2008 oprjochte daaliks nei de oprjochting ûntstiene der problemen mei it Ryk en Rederij Doeksen. De striid gong om fartiden, lisplakken fergunningen en farrûtes. Yn 2014 kaam der in ein oan de fearboatekriich neidat Doeksen de EVT oernaam.

# Namme Boujier Yn tsjinst Ut tsjinst Eardere Nammen Opmerkingen
Stortemelk 1964 2010 M/S Sundbuss Henrik II (1964-1975)
EMS Clipper (1975-1979)
Baltic Clipper (1979-1984)
Sund Clipper (1984-1990)
Ostsee (1990-1998)
MS Spathoek 1988 2012 wdr Schleswig-Holstein
MPS Willem Barentsz 1997 2008 2010 Hansestar Katamaran