Readwangblaufink
| Readwangblaufink | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Uraeginthus bengalus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De readwangblaufink (Uraeginthus bengalus) is in fûgeltsje yn it skaai blaufinkjes (Uraeginthus) út 'e famylje prachtfinken (Estrildidae). De fûgel komt foar yn Afrika besuden de Sahara.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Readwangblaufinkjes wurde 12 oant 13 sintimeter lang en weagje 9 oant 11 gram. De krún, nekke, boppekant en wjukken binne brún. De wangen, it kin en it boarst, de siden, it efterste part fan 'e romp en de sturt binne blau. De bûtenste fearren fan 'e smelle sturt kinne ek brún wêze. It mantsje hat in read plak op 'e wang. De poaten binne fleiskleurich, de snaffel is wynread mei in pearse punt en de eagen binne brún.
It wyfke mist de reade wangen fan it mantsje en is dêr blau. De blauwe kleur is boppedat ljochter en rint op it boarst en de side net sa fier troch as by it mantsje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is in stânfûgel dy't fûn wurdt yn 'e drûgere dielen fan tropysk sub-Saharaansk Afrika, dêr't er foarkomt op leechlân oant hichten fan 2.500 meter. De fûgel mei ek graach op kultuerlân wêze en wurdt faak by doarpen oantroffen.
De readwangblaufink wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Uraeginthus bengalus bengalus – Senegal súdlik oant Guinee en eastlik oant Eritreä, Etioopje, noardeastlike Demokratyske Republyk Kongo, Oeganda en Kenia westlik fan 'e Riftdelling.
- Uraeginthus bengalus brunneigularis – súdlik Somaalje en Kenia oant Tanzania.
- Uraeginthus bengalus ugogensis – súdlik Kenia en Tanzania.
- Uraeginthus bengalus katangae – noardeastlikste Angoala oant súdlik Demokratyske Republyk Kongo en noardlik Sambia.
De soarte is yntrodusearre op eilannen yn 'e Stille Oseaan (Oahu en Hawaï).
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn pearkes. It nêst wurd tyn strûken of beammen boud fan gers. De 4 oant 5 wite aaien wurde yn 12 dagen útbret. De pykjes wurde fuorre mei ynsekten. Nei 21 dagen ferlitte de jongen it nêst.
Yn it wyld yt er benammen nôt en sied, mar ek ynsekten .
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is algemien, hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (LC).
Avikultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readwangblaufinkjes komme ek yn 'e avikultuer foar. De fûgel moat fuorre wurde mei sied en drûge ynsekten mei wat fruit. It binne frij delikate fûgels om te hâlden en se hawwe hege easken wat de temperatuer en fochtigens oanbelanget.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Blaufinkje
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Eksoat yn Hawaï
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
