Readsturtwever
| Readsturtwever | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Histurgops ruficauda | ||||||||||||
| Reichenow, 1887 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De readsturtwever (Histurgops ruficauda) is in fûgelsoarte út de famylje weverfûgels (Ploceidae). It is de iennige soarte yn it skaai Histurgops.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte is in relatyf grutte weverfûgel en wurdt likernôch 20 oant 22 sm lang en is dêrmei like grut as in protter. De wjukken binne donker- of kastanjebrún en de binnenste sturtfearren binne ek kastanjebrún, wylst de bûtenste readeftich binne. Under is de fûgel wat ljochter. De ljochte rânen fan 'e fearren soargje foar in skobbich patroan. De eagen binne blauwyt, de snaffel en poatsjes brún. Mantsjes en wyfkes lykje op inoar.
Jonge fûgels binne donkerbrún, hawwe in gielige snaffel en brune eagen. Readsturtwevers wurde gauris betize mei wyfkes en jongen fan 'e buffelwever (Bubalornis niger), alhoewol't dy gjin readeftige sturt hawwe.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is endemysk yn Tanzania en libbet op heechflaktes tusken de 1100 en 2000 m boppe de seepspegel yn it noarden en midden fan it lân. It habitat bestiet út drûge, iepen savannes mei gerssoarten en akasia's.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readsturtwevers foerazjearje op 'e grûn, allinnich of tegearre mei buffelwevers en protters. Se binne tige faak te sjen by de lodges fan 'e nasjonale parken. Yn 'e briedtiid bouwe de fûgels grutte nêst yn akasiabeammen fan gersfezels mei in lytse tagongstunnel. De soarte briedt yn losse koloanjes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre, mar lokaal komt de fûgel in soad foar. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
