Springe nei ynhâld

Readsturtsje

Ut Wikipedy
readsturtsje

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai readsturtsjes (Phoenicurus)
soarte
Phoenicurus phoenicurus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     trekfûge

     wintergast

It readsturtsje (Phoenicurus phoenicurus) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers). It fûgeltsje briedt yn Europa en it west fan Aazje en oerwinteret yn Afrika.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Readsturtsje by in nestkast.

It readsturtsje is in fûgeltsje fan 13 oant 14,5 sm lang. It mantsje hat in readbrune sturt en stút en in readbrún boarst, dat by de búk oergiet op wyteftich. De kiel en de wangen binne oant krekt boppe it each swart. Dêrboppe rint by it swart oer de foarholle in wyteftige streek, wylst de krún en it boppebealchje fierder griisblau binne. It wyfke dêrfoaroer is ienfâldiger fan kleur. Sy hat ek in readeftige sturt, mar is op it boppebealchje en de kop earder ljochtbrún fan kleur. Ek ûntbrekt by it wyfke it swart en it wyt op it kopke fan it mantsje. It readbrún fan it boarst fan it wyfke is fealer en wurdt mei wat bêzje ôfwiksele. Wyfkes fan it readsturtsje kinne maklik mei de wyfkes fan it swarte readsturtsje betiizge wurde, wêrfan't lytse oantallen yn ús lân oerwinterje. Opfallend is de triljende sturt fan 'e readsturt.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It readsturtsje yn ynsekten, larven en beien. De fûgels mei graach yn beamholtes briede, dy't makke binne troch spjochen. Ek nestkasten wurde faak brûkt.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nêst.

Readsturtsjes lizze fiif oan sân ljochtblauwe aaikes mei readbrune stippen.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It biotoop fan readsturtsje bestiet út in healiepen lânskip mei âlde beammen en strewellen, parken en grutte tunen.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • P. a. phoenicurus (Briedt yn grutte dielen fan Europa, yn it suden fan Europa en Noard-Afrika lokaal oant yn Midden-Aazje, oerwinteret yn Midden- en East-Afrika).
  • P. a. samamisicus (Briedt yn it súdeast fan Europa oant yn Oezbekistan, Turkmenistan en Iran, oerwinteret yn it noardeasten fan Afrika).

Yn Nederlân komt de fûgel yn it hiele lân as briedfûgel foar. Mar de gruttere konsinstraasjes fan 'e fûgel binne yn it easten fan it lân te finen. Yn 'e jierren 1970 binne de oantallen readsturtsjes ôfnommen troch it ferdwinen fan heechstamhôven. Mei sa'n 14.000-22.000 Nederlânske pearkes is de stân hjoed-de-dei aardich stabyl.

Yn Fryslân binne de measte readsturtsjes yn 'e Noardlike Fryske Wâlden (tusken Drachten en Dokkum) te finen, dêr't de âlde beamwâlen en singels in ideaal briedgebiet foar de fûgels biede.[1][2]

De readsturtsjes yn ús lân fleane fan july oant oktober nei harren oerwinteringsgebiet yn Afrika. Skandinavyske readsturtsjes trekke dan troch Nederlân. Healwei april oant ein maaie komme de fûgels werom om te brieden. Readsturtsjes trekke nachts.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonge readsturtsjes.

De wrâldpopulaasje wurdt op 32.000.000-49.999.999 folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De fûgel hat fierder in grut ferspriedingsgebiet en wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: