Springe nei ynhâld

Readsturtamazône

Ut Wikipedy
Readsturtamazône
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljePappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaaiAmazônepappegaaien (Amazona)
soarte
Amazona brasiliensis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet

De readsturtamazône (Amazona brasiliensis) is in pappegaai-eftige út de famylje fan 'e Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard foar it earst yn 1758 troch Carolus Linnaeus publisearre. De fûgel is kwetsber en endemysk yn Brazylje.

Readsturtamazônes wurdt likernôch 37 sm lang en binne meast grien. De griene fearren ha faak gieleftige rannen. De foarholle is read dat nei efter op 'e kroan yn pears oergiet. Om it each is de fûgel pearsblau. De eachring is griis, de snaffel hoarnkleurich en de poaten griis. De bûtenste haadslachpinnen fan 'e wjukken binne donkerpearsblau oan 'e basis. Readsturtamazônes ha in brede reade bân op 'e sturt, dy't eins it bêste fan ûnder te sjen is of as de sturt iepen is. Dêrnjonken hat de sturt in brede giele punt.

De soarte is lânseigen yn it súdeasten fan Brazylje en libbet dêr yn it kustgebiet fan 'e Atlantyske Oseaan yn mangrovebosken en de lêste stikjes fan it Atlantysk reinwâld.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fûgels fan dizze soarte wurde meastentiids yn pearen of kloften oantroffen, dy't sa út en troch bûten de briedtiid út hûnderten fûgels besteane. Se rêste en briede benammen op 'e kusteilannen, mar foerazjearje op it tichteby lizzende fêstelân. Dêr sykje de fûgels benammen nei fruchten, mar it dieet bestiet ek út sied, blommen, nektar en selden ynsekten. Readsturtamazônes spylje in belangrike rol yn it fersprieden fan sied fan beammen.

De readsturtamazône briedt yn mangrove- en kustbosken op eilannen. It briedseizoen duorret fan septimber oant febrewaris. Se lizze trije of fjouwer aaien yn natuerlike beamholtes. De ynkubaasjetiid duorret 27 oant 28 dagen en se fleane nei nochris 50 oant 55 dagen út.

It ferspriedingsgebiet fan é readsturtamazône is tige beheind en dêrom is der in kâns op útstjerren. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2015 troch BirdLife International op 6.000 oant 6.700 fûgels rûsd. Bedrigingen foarmet it ferlies fan habitat troch bouaktiviteiten, it oanlizzen fan plantaazjes en it weidzjen fan fee yn kustgebieten in bedriging foar de soarte. Fan it oarspronklike gebiet dêr't de fûgel libbet is mar in lyts part oer en dat diel is fragmintearre troch diken, sadat de groepen fûgels swierrichheden ûnderfine kinne by it sykjen nei genôch iten. Fierder wurdt de fûgel fongen foar de hannel. Troch it ynstellen fan nije beskerme gebieten koe de populaasje wer tanimme. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom sûnt 2017 net mear as kwestber (VU) mar as hast bedrige (NT) op 'e Reade list.

De fûgel is opnommen yn Taheakke I en II fan it CITES-ferdrach.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: