Readskouderstaar
| readskouderstaar | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 250px | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lamprotornis nitens | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De readskouderstaar, readskouderprotter of Kaapske staar (Lamprotornis nitens), is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte wurdt likernôch 25 sm lang en weaget tusken 65 en 112 gram. De fearren fan 'e kop, nekke, hals, kiel en it boarst binne glânzgjende blau. Fan 'e snaffel rint oer it oranje each oant it ear in gebiet mei meast donkere oant swarte fearkes. De namme hat de fûgel te tankjen oan it lytse readbrûnzen plakje op 'e skouders, dat faak net te sjen is. Foar de rest binne de fearren meast grienblau. De kleuren fan 'e fûgel hingje sterk fan 'e ljochtferhâldings ôf. De poatsjes en de snaffel binne swart.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt súdlik fan Gabon, yn it westen en suden fan Angoala, súdlik Sambia, Simbabwe, Namybje, Botswana, Mozambyk en Súd-Afrika foar. Fierder wurdt de fûgel ek waarnommen yn 'e Demokratyske Republyk Kongo, mar dêr briedt er net.
De fûgel is wat habitat oanbelanget net sinnich en libbet yn in soad ferskillende types lânskip. Se komme yn drûgere gebieten mei net tichte bosken foar, plantaazjes, savannes en op ferwylderde greide. Ek is de fûgel yn parken en tunen te sjen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readskouderstaren briede fan septimber/oktober oant febrewaris/maart. Nêsten wurde faak yn holtes fan bygelyks spjochten of Afrikaanske burdfûgels (Lybius) boud. Ek ha se nêsten yn sânbanken of brûke se troch minsken makke nêstkasten.

In lechsel bestiet út 2 oant 6 grienblauwe aaikes mei reade plakjes, dy't troch it wyfke yn 12 oant 14 dagen útbret wurde. De jonge fûgels wurde troch beide âlders fuorre en wurde dêrby faak troch oare fûgels fan 'e soarate holpen. Nei 20 dagen kinne de jonge fûgels fleane, dý't dan noch teminsten in wike yn 'e groep bliuwe.
Syn iten bestiet út ynsekten, fruchten en nektar fan blommen. Ek is der tusken itensresten fan minsken wol wat fan syn gading te finen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne gjin rûzings fan 'e wrâldpopulaasje, mar de fûgel is yn in grut part fan it ferspriedingsgebiet tige algemien en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De fûgel wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC, 2018) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Glânsstaar
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Swazylân
