Springe nei ynhâld

Readrêchdwerchiisfûgel

Ut Wikipedy
Readrêchdwerchiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaidwerchiisfûgels (Ceyx)
soarte
Ceyx rufidorsa
Strickland, 1847
IUCN-status: net bedrige

De readrêchdwerchiisfûgel (Ceyx rufidorsa) is in fûgel út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1847 troch de Ingelske natoerûndersiker Hugh Edwin Strickland publisearre. De soarte libbet yn it tropysk reinwâld yn Súdeast-Aazje.

De readrêchdwerchiisfûgel wurdt likernôch 13 sm lang. De fûgel hat in giel boarst, in giele búk en is donkerread oant rôzeread op 'e wjukken. De rêch en de stút binne rôzeread oant lila; de snaffel is relatyf foars en oranjeread, lykas ek de boppekant fan 'e kop.

Readrêchiisfûgels libje yn primêr en sekundêr reinwâld by dobben en rivieren ûnder beamtegrien oant in hichte fan 1200 m boppe seenivo en bytiden ek yn mangrovebosken of sompbosken.

Der wurde fiif ûnderskoarten ûnderskieden:

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre. De populaasjes geane troch it ûntboskjen yn oantallen efterút. Dat giet lykwols net sa hurd dat de efterútgong heger as 30% yn tsien jier is. Dêrfandinne stiet de dwerchiisfûgelsoarte as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op nl:Roodrugdwergijsvogel