Springe nei ynhâld

Readpoatkob

Ut Wikipedy
readpoatkob
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiwinterkobben (Rissa)
soarte
Rissa brevirostris
Bruch, 1853
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De readpoatkob (Rissa brevirostris) is in lokaal foarkommende seefûgel, dy't allinnich yn en om de Beringstrjitte hinne foarkomt.

De soarte is tige nau besibbe oan 'e winterkob (Rissa tridactyla) en is lykas dy fûgel in lytse kob mei koarte poaten en lange grize wjukken, wêrfan't de wjukpunten swart binne. De readpoatkob is lykwols wat lytser (35–39 sintimeter yn lichemslingte) en hat in gruttere, rûnere holle en in koartere snaffel.

It meast karakteristyk binne de reade poaten, wylst de winterkob swarte poaten hat. Fierder is de boppekant fan 'e wjuk donkerder by in folwoeksen fûgel en mist syn wjuk it trijekleurige effekt dat de blekere hânpinnen fan 'e winterkob jouwe. De ûnderkant fan 'e wjuk is griis.

Juvenilen ha yn ferliking mei dy fan 'e winterkob gjin swarte bân op 'e sturt en misse de W-markearings oer de wjukken. Hy liket sadwaande mear op 'e folwoeksen fûgel.

Ferskillen readpoatkob mei winterkob

Hast de hiele wrâldpopulaasje briedt op eilannen yn 'e Beringstrjitte, op 'e Pribilofeilannen, de Bogoslofeilannen en de Buldir-eilannen yn 'e Feriene Steaten, en de Kommandeurseilannen yn Ruslân. Lytsere koloanjes binne yn 'e jierren 1990 en 2000 ek op 'e Aleoeten en de eilannen Unalga, Koniuji, Amak en Chagulak fûn. De fûgel oerwinteret yn 'e noardlike Stille Oseaan.

Readpoatkobben briede yn koloanjes op klifrichels, meastal hegere kliffen en smellere richels as de winterkob. Yn april arrivearje de fûgels yn harren briedkoloanjes en yn septimber ferlitte se dy wer.

De soarte foerazjearret foaral nachts op iepen see nei fisk, inketfisk en oare wringeleazen.

De readpoatkob hat foar sa'n beheind ferspriedingsgebiet in relatyf grutte wrâldpopulaasje. Oant koartlyn is de soarte relatyf sterk yn oantal ôfnommen. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as kwetsber (Vulnerable). Dizze ôfname liket lykwols te stabilisearjen. De wrâldpopulaasje waard yn 2017 op krapoan 100.000 oant 500.000 folwoeksen eksimplaren rûsd, wêrfan’t nei alle gedachten mear as trijefearn op 'e Pribilof-eilannen briedt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: