Springe nei ynhâld

Readkraachtangare

Ut Wikipedy
Readkraachtangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiholsnaffeltangaren (Ramphocelus)
soarte
Ramphocelus sanguinolentus
Lesson, 1831
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De readkraachtangare (Ramphocelus sanguinolentus) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai holsnaffeltangaren (Ramphocelus), wêrfan't de mantsjes in wyteftich oant blaugriis plak op 'e ûndersnaffel ha (by wyfkes is dat by in oantal soarten folle minder).

De fûgel is fluwielswart en hat in glânzgjende karmozynreade kraach en stút. Mantsjes en wyfkes binne gelyk.

De soarte bestiet út twa ûndersoarten:

  • Ramphocelus sanguinolentus: fan súdeastlik Meksiko oant Hondoeras.
  • Ramphocelus sanguinolentus: fan eastlik Hondoeras oant noardwestlik Panama.

De populaasje wurdt op 500.000 oant 5.000.000 fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrfandinne as net bedrige (LC, 2021) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: