Springe nei ynhâld

Robyntúfke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Readkrúntúfke)
Robyntúfke

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegoudtúfkes (Regulidae)
skaairobyntúfkes (Corthylio)
soarte
Corthylio calendula
Linnaeus 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     stânfûgel


     trekfûgel
     wintergast


It robyntúfke of robyntoefke (Corthylio calendula) is fûgeltsje yn it monotypyske skaai robyntúfkes (Corthylio) út 'e famylje goudtúfkes (Regulidae)

Mantsje.

Robyntúfkes binne 9 oant 11 sintimer lang en binne in lyts bytsje grutter as it goudtúfke. Mantsjes ha in reade krún, mar dy is net altiten goed te sjen. Opfallend is in swarte bân op 'e wjuk, dy't mei in smelle, wite streek oer de wjuk kontrastearret. Fan boppe is de fûgel oliifkleurich, ûnder ljochter. Fierder hat it fûgeltsje in ljochte ûnderbrutsen eachring.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It robyntúfke briedt yn Kanada, Alaska, noardlik Nij-Ingelân en it westen fan 'e Feriene Steaten. Hy is ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Corthylio calendula grinnelli – briedt oan 'e kust fan Alaska en Britsk-Kolumbia. Winterdeis migrearret er sa fier nei it suden as súdlik Kalifornje.
  • Corthylio calendula calendula – briedt yn noardlik en eastlik Kanada oant it noardeastlike diel fan 'e Feriene Steaten. Migrearret winterdeis sa fier nei it suden en komt as dwaalgast oant yn Gûatemala, Kuba en de Bahama's foar.
  • Corthylio calendula obscurus - briede earder op it eilân Gûadelûp foar de kust fan westlik Meksiko en waard yn 1953 foar it lêst waarnommen. De ûndersoarte wurdt no as útstoarn beskôge.

Trekfûgels oerwinterje yn it suden fan 'e Feriene Steaten en Sintraal-Amearika. Guon westlike populaasjes besteane út stânfûgels. It is in tige seldsume besiker fan Jeropa mei in pear waarnimmings út Iislân, Ierlân, Skotlân en de Azoaren.

It robyntúfke briedt yn nullebosken. Hy bout in hingjend nêst, fergelykber mei de blokmies, dat goed ferburgen sit yn in nullebeam. De soarte leit meastentiids tusken de sân en njoggen aaien, mar der binne wol nêsten oant tolve aaien fûn. It wyfke briedt se yn sawat tolve dagen út en de jongen wurde dan fersoarge troch beide âlden. Hy foerazjearret aktyf yn beammen en strûken en yt meast lytse ynsekten en spinnen, mar ek beien en beamsop.

Ut populaasjeûndersiken docht bliken dat robyntúfkes yn oantallen tanimme. Dat komt benammen mei't de populaasje him ferspraat hat nei ôfsidige gebieten fierder noardlik, dêr't se net fersteurd wurde yn it briedseizoen, wat it briedsukses fergrutte hat. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2019). In rûzing fan 2019 giet út fan in populaasje fan 100 miljoen folwoeksen fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: