Springe nei ynhâld

Readkopwilster

Ut Wikipedy
readkopwilster

mantsje yn briedkleed
wyfke yn briedkleed
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus ruficapillus
Temminck, 1821
IUCN-status: net bedrige

De readkopwilster (Anarhynchus ruficapillus, synonym: Charadrius ruficapillus) is in waadfûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Readkopwilsters wurde 14 oant 16 sintimeter lang en ha in spanwiidte fan 27 oant 34 sintimeter. De soarte hat in wite búk en foarholle en de boppedielen binne meast griisbrún. Folwoeksen mantsjes binne yn it briedkleed readbrún op 'e krún en efter op 'e nekke; wylst wyfkes dêr bleker binne. It mantsje hat in swarte eachstreek, by it wyfke rint de streek net foarby it each. Sawol de poaten as de snaffel binne swart.

Wyfkes en mantsjes bûten it briedseizoen misse it readbrún op 'e kop en binne oer it algemien dof griisbrún, soms mei in ljocht kastanjebrúne tint.

Aaien
Pykje

Readkopwilsters komme foar yn Austraalje en it eilân Timor, mooglik ek op Roti en op 'e Lytse Sûnda-eilannen. Yn Nij-Seelân is de fûgel in swalker. It habitat bestiet út estuaria, baaien, strannen, sânplaten, waad en sâltmarren yn 'e binnenlannen fan Austraalje.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en allinne dêrom al is de kâns op útstjerren lyts. Der binne gjin yndikaasjes dat de oantallen fan 'e populaasje tebekrinne. De IUCN klassifisearre de fûgel dêrfandinne as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list. In rûzing út 2023 giet út fan in wrâldpopulaasje fan 63.300 folwoeksen fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: