Springe nei ynhâld

Readkopkardinaal

Ut Wikipedy
Readkopkardinaal
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekardinaalfûgels (Cardinalidae)
skaaipiranga's (Piranga)
soarte
Piranga erythrocephala
(Swainson, 1827)
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De readkopkardinaal (Piranga erythrocephala) is in fûgelsoarte fan it skaai Piranga's yn 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae). De soarte is endemysk yn Meksiko en wurdt dêr yn 'e heechlannen mei ike- en dinnebosk oantroffen. Alhoewol't de fûgel seldsum is, beöardielet de IUCN de soarte as net bedrige.

De readkopkardinaal is mei in lingte fan 15 sm in relatyf lyts lid fan it skaai. It mantsje hat in tige opfallende reade kop en kiel mei in lyts swart masker, grienige boppedielen en gielige ûnderdielen. De dekfearren fan 'e earen binne minder read. It wyfke mist de reade kleur en is oer it algemien frij dof grienich en giel mei in griis masker en grize wangen. Ek hat se in ljochtere búk.

De readkopkardinaal wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Piranga erythrocephala candida - komt foar yn 'e Sierra Madre Occidental yn westlik Meksiko (súdeastlik Sonora oant noardwestlik Jalisco)
  • Piranga erythrocephala erythrocephala - komt foar yn 'e bergen fan súdlik Meksiko (Jalisco en Guanajuato oant Oaxaca)

It skaai Piranga stie earder yn 'e famylje tangarefûgels (Thraupidae) yndield, mar út DNA-stúdzjes die bliken dat it kardinaalfûgels binne, nau besibbe oan 'e typesoarte fan 'e famylje, de reade kardinaal.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De readkopkardinaal bewennet de heechlannen fan Meksiko mei dinne- en ikebosken, boskrânen en plantaazjes, op hichten tusken 800 en 2600 meter. De fûgel libbet yn pearkes of groepkes yn 'e hegere beamlagen, faak mei oare fûgelsoarten. Syn iten bestiet út ynsekten, lytse fruchten en beien. It nêst wurdt fan tûkjes en oare fegetaasje heech yn in beam boud.

De soarte hat in relatyf lytse wrâldpopulaasje, dy't op minder as 50.000 folwoeksen fûgels rûsd wurdt. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt, mar net bot genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrfandinne as net bedrige (LC).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: