Readkopgoes
Readkopgoes | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Chloephaga rubidiceps | ||||||||||||
Sclater, 1861 | ||||||||||||
IUCN-status: net-bedrige | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() stânfûgel briedfûgel |
De readkopgoes (Chloephaga rubidiceps) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De fûgel is ien fan 'e fiif soarten yn it skaai Súdamerikaanske guozzen.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is de lytste fan it skaai en wurdt likernôch 45 oant 50 sm grut. Mantsjes en wyfkes binne wakker gelyk, mar mantsjes binne trochstrings wat grutter. Readkopguozzen wege likernôch twa kg.
De búk is kanielkleurich, de boppekant fan 'e wjukken binne griis en de ûnderkant griis, swart en wyt. De flanken ha in regelmjittich patroan fan dwersstreken. De fûgel hat gieloranje poaten en in wite ring om 'e eagen.
Juvenilen lykje op 'e folwoeksen fûgels, mar de lytse befearring is wat minder kleurryk. De búk is mear giel as kaniel en de grutte wjukdekfearren binne noch donkergriis sûnder glâns, wylst de poaten bleker binne.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Readkopguozzen libje yn it suden fan Súd-Amearika yn Fjoerlân, Sily en de Falklâneilannen. De fûgels briede op iepen terrein lykas gersflakten en greiden oan 'e kust, fakentiden mei de griiskopgoes (Chloephaga poliocephala). De measte fûgels oerwinterje yn it suden fan Argentynje. Guon fleane fierder nei it noarden fan Argentynje. De readkopguozzen fan 'e Falklâneilannen trekke net.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels swimme net in soad en foarmje bûten de briedtiid fakentiden grutte koloanjes. De nêsten tusken heech gers besteane út fjouwer oant alve aaien. Se briede op 'e Falklâneilannen fan ein septimber oant begjin novimber.
Se ite woartels, bled, stâltsjes, sigge en sied fan gers.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje wurdt op 42.700 oant 82.000 fûgels rûsd (Wetlands International 2023) en wurdt as stabyl beskôge. Dêrfandinne beöardielet de IUCN de soarte op 'e Reade list as net bedrige.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- BirdLife, oproppen 9 febrewaris 2025.
- IUCN, oproppen 9 febrewaris 2025.
- Ebird, oproppen 9 febrewaris 2025.
- Avibase, oproppen 9 febrewaris 2025.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|