Readkopgier
| Readkopgier | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sarcogyps calvus | ||||||||||||
| (Scopoli, 1786) | ||||||||||||
| IUCN-status: kritysk bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Net te betiizjen mei de kalkoengier (Cathartes aura), dy't ek wol 'readkopgier' neamd wurdt.
De readkopgier (Sarcogyps calvus), ek wol de Aziatyske keningsgier of de Yndyske eargier neamd, is in grutte rôffûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is de iennichste libbene soarte yn it monotypyske skaai fan 'e readkopgieren (Sarcogyps). De fûgel falt op troch syn felle kleuren en de karakteristike "lellen" oan 'e kop.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De readkopgier is in middelgrutte gier mei in lingte fan 76 oant 86 sm en in wjukspanwiidte fan likernôch 200 oant 230 sm. In folwoeksen fûgel hat in djipswart fearrekleed mei in ljochtgrize bân oer de wjukken. It meast opfallende skaaimerk is de keale, felle reade oant oranje kop mei grutte hûdlapen (lellen) oan 'e sydkanten fan 'e nekke. De readkopgier hat net allinne in keale reade kop, mar ek opfallende keale reade plakken op de boppepoaten. Dy reade plakken binne omseame mei wite wearren en op 'e ûnderpoaten hat er as in soarte fan in broek ek swarte fearren. Op it boarst hat er in wyt dûnseftich plak, dy't benammen yn 'e flecht goed te sjen is. De poaten binne read.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn Súd-Aazje en dielen fan Súdeast-Aazje. It ferspriedingsgebiet rint fan Pakistan en Yndia oant yn Birma, Tailân, Laos, Fjetnam en Kambodja. De fûgel libbet foaral yn iepen lânskippen, savannes en lichte bosken, meastentiids net fier fan minsklike delsettings of fee.
Ekology en gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readkopgieren binne minder sosjaal as de measte oare gieren fan 'e Alde Wrâld. Se wurde faak allinnich of yn pearkes sjoen, sels by it fretten fan kadavers. Hoewol't se lytser binne as guon oare gieresoarten, binne se dominant by it iten en wurde se faak earst talitten by it kadaver. Se frette foaral ies fan grutte sûchdieren.
Readkopgieren briede yn 'e top fan hege beammen, oars as in soad oare gieren dy't op rotswanden nêstje. Se bouwe in grut platfoarm fan tûken. It wyfke leit mar ien wyt aai yn it briedseizoen. Beide âlden briede it aai yn likernôch 45 dagen út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De readkopgier as kritysk bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN. De oantallen fan 'e wrâldpopulaasje binne lykas oare gieresoarten yn 'e regio tusken 1990 en 2010 ekstreem fluch ôfnommen (mear as 90%). De wichtichste oarsaak hjirfoar is it brûken fan 'e ûntstekkingsremmer diclofenac yn fee. As gieren frette fan kadavers fan fee dat koart dêrfoar behannele is mei dat middel, stjerre se oan nierfalen. Dêrnjonken spylje ferlies fan leefgebiet en fergiftiging ek in rol yn 'e delgong fan 'e soarte.
Hoewol't de readkopgier noch altyd tige bedrige wurdt, binne de kânsen foar de fûgel sûnt 2020 ferbettere troch it ferbod op meardere medisinen by fee en it sukses fan 'e foksintra. Ek binne der giererestaurants dêr't de fûgels feilich fan fleis frette kinne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
