Springe nei ynhâld

Readkopdwerchpappegaai

Ut Wikipedy
readkopdwerchpappegaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaidwerchpappegaaien (Agapornis)
soarte
Agapornis pullarius
Linnaeus, 1758
IUCN-status:

De readkopdwerchpappegaai (Agapornis pullarius) is in fûgelsoarte út it skaai dwerchpappegaaien.

De 13 oant 14 sintimeter readkopdwerchpappegaai hat in reade foarholle, kiel en reade wangen mei in oranjereade snafel. Fierder is de fûgel fral grien. Oan 'e sydkant fan 'e koarte sturt sit in reade bân mei in swart rântsje. Wyfkes ha minder read op it gesicht.

De fûgel hat in ûnbidich grut mar in net oaniensletten ferspriedingsgebiet yn Sintraal- en West-Afrika en komt foar yn in brede stripe oer it kontinint, fan Guinee en Sierra Leöane yn it westen oant Etioopje yn it easten en nei it suden ta oant yn Angoala. Ek komme se op Sao Tomee en Prinsipe yn 'e Golf fan Guinee foar.

Se hâlde fan iepen lânskippen lykas savannes, iepen bosk en gerslân, mar wurde ek faak tichteby wetter of op lânbougrûn sjoen.

Der binne twa erkende ûndersoarten. It grutste ferskil tusken de twa ûndersoarten sit benammen yn 'e kleur fan 'e stút en it ferspriedingsgebiet.

  • Agapornis pullarius pullarius (de nominaatfoarm) - de meast foarkommende fariant, komt foar yn it westen en midden fan Afrika. Hat in himelsblauwe stút.
  • Agapornis pullarius ugandae - de ûndersoarte komt foar yn it eastlike part fan it leefgebiet, fan it súdwesten fan Etioopje oant Uganda, Rûanda, Boerûndy, West-Kenia en Noardwest-Tanzania. Hy soe in ljochtere blauwe stút (of somtiden hielendal gjin blau) as de nominaatfoarm ha.

Yn 'e gebieten dêr't de leefgebieten fan 'e twa ûndersoarten inoar oerlaapje, komme faak mingfoarmen foar.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as de measte dwerchpappegaaien, dy't yn beamholtes briede, graaft it wyfke fan 'e readkopdwerchpappegaai in tunnel yn in termiteheuvel. Dy tunnel kin wol 30 sintimeter lang wêze en einiget yn in rûne nêstkeamer. In grut foardiel is dat de termiteheuvel in konstante temperatuer behâldt troch de aktiviteit fan de termiten. Dêrtroch kin it wyfke it nêst langer ferlitte om te foerazjearjen sûnder dat de aaien te folle ôfkuolje. De 3 oant 7 wite aaien wurde om 'e dei lein en yn 23 dagen útbret.

Se ite in grut ferskaat oan gerssied, oanfolle mei fruchten en beien

Readkopdwerchpappegaaien (Agapornis pullarius) hat de status net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list fan 'e IUCN. Alhoewol't de fûgel yn guon dielen fan syn ferspriedingsgebiet seldsumer wurdt, is de totale populaasje sa grut dat de soart net fuort as kwetsber beskôge wurdt. Belangrykste bedrigingen binne yllegale fangst, habitatferlies, konflikten mei boeren en klimaatferoaring.

De readkopdwerchpappegaai komt net in soad yn 'e avikultuer foar. Om't se yn termiteheuvels briede, sille se net samar in nêstkast akseptearje. Ek moat in nêstgelegenheid in konstante temperatuer fan 27 graden ha. Se ha romme fûgelhokken nedich en moatte lykas alle dwerchpappegaaien yn pearkes holden wurde. Fanwegen de skouwens binne se ek net geskikt om yn 'e hûs te hâlden.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: