Readkielbijefretter
| readkielbijefretter | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Merops bulocki | ||||||||||||
| Vieillot, 1817 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De readkielbijefretter (Merops bulocki) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readkielbijefretters ha in griene foarholle, in swart masker, in reade kiel (mei in fyn turkwaze streekje tusken it masker en de reade kiel), in kanielkleurige ûnderkant, in blauwe anaalstreek en in brune ûndersturt. De boppedielen binne kanielkleurich yn 'e nekke en op 'e mantel en grien op 'e rêch. De wjukken binne meast grien en de grutte fearren dêr binne blauswart op 'e einen. De boppekant fan 'e sturt is gielich grien. Readkielbijefretters ha in donker each, in swarte snaffel en swarte poatsjes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn 'e Sahelkrite foar en wurdt ferdield yn twa ûndersoarten:
- Merops bulocki bulocki: fan Senegal en Gambia oant de Sintraal-Afrikaanske Republyk.
- Merops bulocki frenatus: fan súdlik Sûdan en westlik Etioopje oant noardeastlik Kongo-Kinsjasa en noardlik Uganda.
It habitat bestiet út bosksavennes mei rivieren en rillen, fierder heal iepen lânskippen mei grutte beammen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readkielbijefretters briede yn koloanjes oant 50 pearkes yn klaai- en sâniggen of by kliffen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e wrâldpopulaasje. De soarte is mei in geskikt habitat lokaal gewoan. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. Dêrfandinne wurdt de readkielbijefretter troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Bijefretter
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
