Springe nei ynhâld

Readhalsreager

Ut Wikipedy
Readhalsreager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaailytse reagers (Egretta)
soarte
Egretta rufescens
Gmelin, 1789
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet

De readhalsreager (Egretta rufescens) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai lytse reagers (Egretta). De fûgel komt yn twa ferskillende kleuren foar.

De fûgel is tusken 68 en 82 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan 116 oant 125 sintimeter. Yn 'e meast foarkommende kleurfoarm is de fûgel foar in grut part laaiblau oant donkergriis mei in readbrune kop en nekke. Yn 'e briedtiid wurde de kleuren djipper. De fearren op 'e efterkop en nekke steane dan faak ek wat oerein, wat de fûgel in wyld en rûch uterlik jout.

In pear mei in wite morf.

In seldsumer foarm is de fûgel mei in folslein wyt fearrekleed. De wite readhalsreager is te ûnderskieden fan 'e grutte wite reager of de lytse wite reager troch syn hâlden en dragen (syn jachttechnyk) en de kleur fan 'e snaffel en poaten.

De snaffel is meastentiids ljochtrôze mei in swarte punt, mar kin ek wat donkerder lykje. Yn 'e briedtiid ferkleuret de snaffel nei felrôze oant ljochtpears, wylst de foarste helte swart is. De hûd tusken de snaffel en it each feroaret yn 'e briedtiid fan ljochtbrún of griis nei in felblauwe of turkwaze kleur. De poaten binne faak donkergriis, laaiblau of hast swart en wurde yn 'e briedtiid mear blau. De fûgel hat in striegiele oant ljochtgiele iris. De kleurferoarings yn it briedkleed wurde troch hormoanen en it dieet fan 'e fûgel feroarsake. Nei it briedseizoen wurde de kleuren wer doffer en ferdwynt it felrôze en blau.

Gewoane foarm
Wite morf

De readhalsreager hat in grut ferspriedingsgebiet, mar is dêr lokaal oanwêzich. Yn Noard-Amearika libbet de fûgel fral oan'e kust fan Teksas, Louisiana en Floarida. Yn Midden-Amearika komt de soarte oan'e hiele kust fan 'e Golf fan Meksiko, it Jûkatan-skiereilân en de Pasifyske kust fan Kalifornje (Baja California) oant El Salvador foar. Ek is de fûgel oanwêzich yn dielen fan 'e Kariben. Yn Súd-Amearika libbet de fûgel oan 'e noardlike kust fan Kolombia en Fenezuëla. De measte fûgels binne stânfûgels. Guon jonge fûgels swalkje nei de briedtiid wolris wat fierder nei it noarden.

It habitat fan 'e fûgel is iepen wetter sûnder in soad begroeiïng, sadat er romte hat foar syn karakteristike jachttechnyk. Foar it bouwen van nêsten wurdt faak gebrûk makke fan eilannen foar de kust dêr't gjin rôfdieren binne of mangrovebosken.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fûgel yn briedkleed.

De fûgel hat in tige bysûndere foarm fan jeien. In soad reagers steane ûnferweechlik te sjen as der in proai foarby komt, mar de readhalsreager is by it jeien wyld en tige beweechlik. Hy draaft, klapt mei wjukken en dûnset dan fuort wer fierder. Yn in sprint kin er ynienen 180 graden draaie. Troch al dy drokte wit de fisk net mear wêr't it gefaar wei komt en swimt sa somtiden letterlik tsjin de poaten fan 'e reager oan. Ek brûkt er syn wjukken om it glinsterjen fan 'e sinne op it wetter wei te nimmen.

It briedseizoen ferskilt geografysk. Yn Teksas briede se meastentiids fan maart oant augustus, wylst se yn Floarida it hiele jier troch briede kinne, mei in pyk tusken novimber oant maaie. Se briede yn koloanjes, leafst op isolearre eilannen of yn mangroves boppe wetter. De balts is spektakulêr en it wyfke leit meastentiids 3 oant 4 ljocht grienblauwe aaien. Nei likernôch 30 dagen binne de aaien útkommen. It duorret dan noch 6 oant 7 wiken dat se fleane kinne.

Oan 'e ein fan 'e 19e iuw is der in soad op 'e fûgel jage fanwegen de fearren en de readhalsreager hat him dêr nea hielendal fan wersteld. De readhalstreager hat op it stuit de status hast bedrige (Near Threatened, 2020) op 'e Reade list fan 'e IUCN en op in soad plakken fan syn ferspriedingsgebiet yn 'e Kariben is de fûgel útstoarn. In hiel skoft binne de oantallen fan 'e reager efterút gien, mar yn 'e beskerme dielen mei feilige nêstmooglikheden lykas yn 'e Feriene Steaten liket der sprake fan werstel. Yn oare dielen rinne de oantallen noch tebek. De trend foar it hiele ferspriedingsgebiet bliuwt sadwaande noch ûndúdlik (Koczur et al. 2020). Hjoeddeiske bedrigingen binne û.o. klimaatferoaring en habitatferlies troch befolkingsdruk yn kustgebieten en minsklike aktiviteiten lykas skipferkear en rekreaasje.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: