Readhalsgrûnmosk
| Readhalsgrûnmosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pyrgilauda ruficollis | ||||||||||||
| Blanford, 1871 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De readhalsgrûnmosk (Pyrgilauda ruficollis; synonym: Montifringilla ruficollis) is in sjongfûgel yn it skaai grûnmosken (Pyrgilauda) út de famylje fan 'e moskfûgels.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readhalsgrûnmosken wurdt likernôch 15 sm grut en binne kleurriker as oare soarten fan it skaai. Folwoeksen fûgels ha in wyteftich gesicht mei in swarte team en kastanjebrune fearkes by it ear en op 'e sydkanten fan 'e nekke. De rest fan it fearrekleed is ljochtbrún mei tsjustere streekjes op 'e rêch en skouderfearren. De wjukken ha twa wite wjukstreken, dy't troch de úteinen fan 'e dekfearren foarme wurde. Juvenilen binne ljochter as folwoeksen fûgels en ha gjin markearings op it gesicht.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt yn twa ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:
- P. r. isabellina: westlik diel fan sintraal Sina en noardlik Tibet.
- P. r. ruficollis : fan súdlik en eastlik Tibet en Nepal oant sintraal Sina.
It habitat fan 'e fûgel bestiet út alpine gerslân en keale steppes en se binne ek by minsken te finen. It binne stânfûgels dy't ôfhinklik fan 'e waarsomstannichheden ûnregelmjittich nei legere dielen migrearje.
Lykas oare soarten yn Pyrgilauda waard de fûgel earder ek yn Montifringilla set.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt lokaal in soad foar en wurdt yn it briedseizoen oantroffen mei kjifdieren. Hy makket gebrûk fan 'e hoalen fan dy bisten om te brieden. Nei de briedtiid kin er gauris tegearre mei oare moskfûgels yn groepkes sjoen wurde. De fûgel foerazjearret op 'e grûn en siket nei sied en ynsekten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readhalsgrûnmosken ha in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018). Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte wurdt omskreaun as lokaal tige algemien.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
