Reade wrotmûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Reade wrotmûs
Rötelmaus I.jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai: reade wrotmûzen (Myodes)
soarte
Myodes glareolus
Schreber, 1780
IUCN-status: net bedrige

De reade wrotmûs (Latynske namme: Myodes glareolus; foarhinne Clethrionomys glareolus), ek wol de gewoane reade wrotmûs neamd (ta ûnderskie fan oare reade wrotmûzesoarten), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e reade wrotmûzen (Myodes). Hy komt foar yn hast hiel Jeropa (Nederlân en Fryslân ynbegrepen) en dielen fan westlik Sibearje. It is dêrmei de iennichste reade wrotmûzesoarte dy't yn Jeropa sa'n súdlike fersprieding hat, mei't besibbe soarten inkeld yn Skandinaavje en noardlik Ruslân foarkomme.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Algemien foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e reade wrotmûs.

De reade wrotmûs is lânseigen yn Jeropa, dêr't er allinnich ûntbrekt yn 'e midden en it suden fan it Ibearysk Skiereilân, súdlik Itaalje, de eilannen yn 'e Middellânske See, Grikelân, de súdlike Balkan, de Karpaten, de súdlike Oekraïne (ynkl. de Krim), de Koeban, it uterste noarden fan Jeropeesk Ruslân en fan Skandinaavje, in diel fan westlik Noarwegen en op Iislân. Op 'e Britske Eilannen is er lânseigen yn Ingelân, Skotlân en Wales, mar net yn Ierlân, dêr't yn 'e 1950-er jierren by fersin yn it súdwesten troch de minske yntrodusearre waard, en sûnt hast de hiele Ierske Republyk kolonisearre hat. Bûten Jeropa komt de reade wrotmûs ek foar yn 'e Oeral en yn súdwestlik en súdlik sintraal Sibearje.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân komme reade wrotmûzen algemien foar yn grutte dielen fan it lân, de dúngebieten oan 'e kust ynbegrepen. Op 'e Siuwske eilannen ûntbrieken se foarhinne, mar dêr lykje se ûnderwilens de dunen kolonisearre te hawwen. Se hâlde oer it algemien net fan grutte iepen gebieten, al komme se yn 'e Flevopolders rûnom foar. Op 'e Fryske Klaai, it Hegelân fan Grinslân en yn it Noardhollânske West-Fryslân ûntbrekke se lykwols fierhinne, krektlyk as op Flylân, it Amelân en Skiermûntseach. Op Skylge bestiet wol in populaasje reade wrotmûzen, en op Teksel ek.

De reade wrotmûs fan deunby.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade wrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-13½ sm, mei in sturtlingte fan 3½-7¼ sm en in gewicht fan 12-40 g. It is in lyts kjifdier mei kastanjebrún hier op 'e rêch, dat wat út 'en readens skynt; dêrfandinne syn namme. De fangen binne grizich brún en de bealch is krêmkleurich oant griis. De hierkleur ferskilt trouwens neffens plak en jiertiid, en kin ek bêzje-eftich wêze. De winterpels is langer, tichter en readiger as it simmerhier, en jonge eksimplaren binne grizer as folwoeksenen. De snút is minder stomp as dat by oare wrotmûzen it gefal is, en de earen stekke dúdlik út 'e pels wei. De sturt is twakleurich en frij lang foar in wrotmûs, mei 35-60% fan 'e kop-romplingte.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reade wrotmûzen jouwe de foarkar oan leaf- en mingd wâld mei frijwat strewelleguod of oare ûndergroei en in tsjûke laach blêden op 'e grûn. Se komme ek foar yn jonge oanplant en nullewâld, houtwâlen, boskrânen, hagen, lossteande strewellen en oare ticht leechhout, oan riviersiggen en yn sompen en parken. Yn 'e Frânske Alpen binne se oant 2.400 m hichte oantroffen, al liket de boppegrins fan har biotoop yn 'e regel om 'e 1.800 m hinne te lizzen.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade wrotmûs is oerdeis en yn 'e foar- en neinacht yn 't spier, al bedijt er winterdeis nachts minder as by 't simmer. It is net in freeslik minskeskou bist, mei't er, fral by 't winter, gauris beskutting siket yn 'e neite fan minsklike bewenning. Ek yn har oare dwaan en litten binne reade wrotmûzen frij brutaal, mar se hâlde de roppen fan oare bisten, lykas lytse sjongfûgels, dy't warskôgje foar de oanwêzigens fan rôffûgels, goed yn 'e rekken. De grutte fan it territoarium fan reade wrotmûzen fariëarret fan 500 oant boppe de 2.000 m², ôfhinklik fan geslacht, âldens, biotoop en jiertiid. It territoarium fan mantsjes is altyd grutter as dat fan wyfkes. Nêsten wurde yn 'e regel op beskutte plakken boppe de grûn oanlein (bgl. yn holle of fermôge beammen). Se binne bolfoarmich mei in trochsneed fan likernôch 10 sm, en makke fan blêden, gers, moas en oar plantaardich materiaal. By brekme oan gaadlike boppegrûnske skûlplakken graaft de reade wrotmûs in lange ûndjippe hoale út yn 'e grûn of yn 'e heal fergiene blêdedarch op 'e boskflier, mei ferskate yn- en útgongen.

Jongen fan 'e reade wrotmûs op in protsje yn har nêst.

De peartiid rint by reade wrotmûzen fan april oant oktober, al is dat ôfhinklik fan 'e temperatuer en it foarhâns wêzen fan genôch fretten. Yn dy snuorje hâlde en drage de wyfkes har territoriaal, mar de mantsjes net. Nei in draachtiid fan 18-21 dagen wurde 3-4 kear jiers 2-7 jongen smiten. Dy ferlitte nei goed fjirtjin dagen it nêst, wurde mei 20-25 dagen ôfwûn, binne mei 25-30 dagen selsstannich, en berikke 1-2 moannen nei de berte geslachtsripens. By hege populaasjetichtheden fertraget lykwols de oanwêzigens fan âldere geslachtsripe wyfkes it geslachtsryp wurden fan jongere wyfkes.

Elts jier binne de oantallen reade wrotmûzen yn it foarjier it leechst, mei't yn 'e winter alle âlde, sike en op oare manearen swakke eksimplaren ôfstoarn binne. Geandewei de maityd en de simmer winne se yn oantal oan, om oan it begjin fan 'e hjerst in hichtepunt te berikken, foar't mei delgeande temperatueren in nije perioade fan stjerte oanbrekt. Yn Skandinaavje binne fan 'e reade wrotmûs populaasjesykly bekend wêrby't se ienris yn 'e 4 of 5 jier in tige hege populaasjetichtens berikke, folge troch in jier dat se suver net te besjitten binne. Wat fierder oft men nei it suden ta komt, wat minder oft sokke dramatyske populaasjeskommelings foarkomme. Under normale omstannichheden bedraacht de populaasjetichtheid 5-100 eksimplaren de ha, ôfhinklik fan 'e tiid fan it jier en de waarsomstannichheden. Reade wrotmûzen kinne oant 2 jier âld wurde, mar libje yn it wyld ornaris mar in fearnsjier. De gefaarlikste rôfdieren binne foar har de foks, harmeling, wezeling, Jeropeeske nerts, reade wikel, mûzefalk en guon ûlesoarten.

In reade wrotmûs.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reade wrotmûzen binne foar it meastepart herbivoaren. Op har menu steane fral blêden, gerzen, woartels, knoppen, fruchten, nuten, nôt en sied. Ek poddestuollen wurde wol fretten. By it fretten fan gers gnauje reade wrotmûzen de stâle soms troch en lizze se de rispe gersstâlen kreas op in steapeltsje. In diel fan it fretten wurdt meinommen om opslein te wurden yn har nêsten. It plantaardige dieet wurdt út en troch oanfolle mei dierlik fretten, lykas ynsekten, spinnen en wjirms, en soms fûgelaaien fan soarten dy't har nêst op 'e grûn meitsje. De reade wrotmûs is in goede klimmer, en winterdeis libbet er foar in grut part fan 'e skors fan beammen as de bûk, de eskdoarn en de liere.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade wrotmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn grutte ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Nettsjinsteande de boppeneamde skommelings yn populaasjetichtheid liket de populaasje sjoen oer de langere termyn stabyl te wêzen. Der besteane ek gjin spesifike bedrigings foar dizze soarte, al komt it foar dat by beskate eksimplaren, dy't yn berms libje, leadfergiftiging optreedt, wylst oaren, dy't yn lânbougebieten omhúsmanje, te lijen hawwe ûnder ferskate pestisiden dy't dêr brûkt wurde, al binne dy yn 'e regel net spesifyk tsjin reade wrotmûzen rjochte. As oar fretten krap is, kinne se trouwens wol gnauskea oan lânbougewaaksen tabringe.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.