Springe nei ynhâld

Reade kardinaal

Ut Wikipedy
Reade kardinaal

Mantsje.

Wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae)
skaai kardinalen (Cardinalis)
soarte
Cardinalis cardinalis
(Linnaeus, 1758)
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De populaasjes yn Súdlik Kalifornje en (net op it kaartsje) Hawaï binne yntrodusearre.

De reade kardinaal (Cardinalis cardinalis) is ien fan 'e trije soarten yn it skaai kardinalen (Cardinalis) út 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).

Pearke reade kardinalen.

De fûgel is 21 oant 23,5 sm lang en weaget 21 oant 52 g, wêrby't de wyfkes wat koarter en lichter binne as de mantsjes.

It folwoeksen mantsje hat in helder karmozynreade kleur mei in swart gesichtsmasker oer de eagen, dat útwreidet nei de kiel. De kleur wurdt doffer en donkerder op 'e rêch en wjukken. It wyfke is olivegrien mei meast griisbrune toanen en in ljochte, readeftige tint op 'e wjukken, túf en sturtfearren. It gesichtsmasker fan it wyfke is griis oant swart en is minder dúdlik as dat fan it mantsje. Beide skaaien ha in foarse túf en heldere koraalkleurige snaffels. De snaffel is kegelfoarmich en sterk. Jonge fûgels, sawol mantsjes as wyfkes, ha kleuren dy't te ferlykjen binne mei in folwoeksen wyfke.

De soarte hat 19 ûndersoarten mei de folgjende ûndersoarten:

  • C. c. affinis: westlik Meksiko (súdeastlik Sonora oant súdwestlik Chihuahua en westlik Durango).
  • C. c. cardinalis: eastlike Feriene Steaten (útsein súdeastlik Georgia en Florida).
  • C. c. carneus: kustkrite westlik Meksiko (Colima oant Isthmus fan Tehuantepec).
  • C. c. canicaudus: westlik Oklahoma en westlik Teksas oant east-sintraal Meksiko.
  • C. c. clintoni: Seralvo (by Baja California).
  • C. c. coccineus: fan San Luis Potosí oant noardlik Oaxaca (east oant súdlik sintraal Meksiko).
  • C. c. flammiger: súdeastlik Meksiko (súdlik Quintana Roo), Belize en Petén yn noardlik Gûatemala.
  • C. c. floridanus: súdeastlik Georgia en Florida.
  • C. c. igneus: súdlik Baja California (noardlik oant breedtegraad 27° N).
  • C. c. littoralis: leechlannen fan eastlik Meksiko (súdlik Veracruz en Tabasco).
  • C. c. magnirostris: súdeastlik Teksas en súdlik Louisiana.
  • C. c. mariae: Islas Marías (foar westlik Meksiko)
  • C. c. phillipsi: Yucatán (ZO-Meksiko).
  • C. c. yucatanicus: súdeastlik Meksiko (skiereilân Yucatán)
  • C. c. saturatus: Cozumel (tichtby súdeastlik Meksiko).
  • C. c. seftoni: sintraal Baja California (súdlik oant breedtegraad 27° N)
  • C. c. sinaloensis: kustwestlik Meksiko (Sinaloa och Jalisco).
  • C. c. superbus: súdwestlik fan 'e Feriene Steaten oant de noardlike Sonoarawoastyn (noardwestlik Meksiko).
  • C. c. townsendi: Tiburón (Golf fan Kalifornje) en foar de kust fan Sonora.

De ûndersoarten ha lytse ferskillen yn formaat en de yntensiteit fan de reade kleur. C. c. superbus is de grutste en de ûndersoarte C. c. mariae is relatyf ljocht. Se hawwe in lûde, floeiende, fluitsjende sang, songen troch beide skaaien. Se hawwe sterke snaffels, geskikt foar it kreakjen fan sied.

De reade kardinaal is troch de minske yntrodusearre yn Súdlik Kalifornje (it kustgebebiet by Los Angeles) en op Hawaï.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nêst fan 'e reade kardinaal.

De fûgel libbet meast leech yn boskjes en beammen en siket iten op of tichteby de grûn, faak yn pearkes. Se binne faak foar by fûgelfoerbakken te sjen. De reade kardinaal yt benammen sied (fral sied fan sinneblommen en saffloer), mar ek ynsekten en fruit. It mantsje set syn territoarium heech yn 'e beam ôf mei fûgelsang en jaget ynkringers fuort. It wyfke briedt twa oant somtiden wol fjouwerris yn 't jier en leit it nêst sa 2 oant 4 aaikes.

De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre, mar stabyl. Dêrfandinne wurdt de reade kardinaal as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Yn Noard-Amearika is de reade kardinaal in tige populêre fûgel. It is sels de steatsfûgel fan sân Amerikaanske steaten: Kentucky, Illinois, Indiana, Noard-Karolina, Ohio, Firginia en West-Firginia. Ek is de fûgel in populêre maskotte foar in grut tal bekende Amerikaanske sportorganisaasjes lykas bygelyks de National Football League en in soad skoallen en universiteiten.

Yn 'e Feriene Steaten wie de fûgel eartiids in wurdearre koaifûgel, mar de hannel is troch in wet dy't yn 1918 ynfierd is ferbean. It is yllegaal om reade kardinalen te fangen, te deadzjen of te besitten en oertreding fan 'e wet is strafber mei in boete oant US$ 15.000 en finzenisstraf oant seis moannen. De fûgel wurdt ek beskerme troch it Ferdrach foar de Beskerming fan Trekfûgels yn Kanada.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: