Springe nei ynhâld

Reade gril

Ut Wikipedy
Reade gril
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaigrillen (Calidris)
soarte
Calidris ferruginea
Pontoppidan, 1763
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     trekfûgel


     wintergast


De reade gril of reade wettertjirk[1] (Calidris ferruginea) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). It is in briedfûgel fan de Sibearyske tûndra's. Yn Sintraal-Jeropa is de fûgel benammen yn 'e hjerst in regelmjittige trochtrekker. Yn it Waadseegebiet fan Nederlân wurde alle jierren 500 oant in pear tûzen eksimplaren waarnommen.

De reade gril wurdt hast 20 sm grut en kriget in wjukspanwiidte fan likernôch 35 sm. De fûgel weaget 40 oant 60 gram en kin oant 17 jier âld wurde (it âldste eksimplaar dat werom fûn is). Yn it winterkleed is de fûgel maklik te betiizjen mei de bûnte gril, mar de reade gril stiet heger op 'e poaten, is wat ljochter fan kleur en rêstiger yn syn bewegingen. Yn it briedkleed is er maklik te werkennen oan it djip oranjereade boarst en de nei ûnder bûge snaffel. De poaten fan 'e bûnte gril binne yn elk kleed swart. Mantsjes en wyfkes hawwe deselde kleur. Ek wat de rop oanbelanget is der in kâns op betizing mei de bûnte gril, dy't lykwols djipper en hurder klinkt. Under de balts en de briedtiid yn 'e briedgebieten is der ek sprake fan in sang mei meardielige strofen.

Ofbylden

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade gril briedt yn it noarden fan Ruslân, fan it Taimyr-skiereilân oant it Tsjûkotka-skiereilân. Mooglik hearre ek de Nijsibearyske Eilannen ta it briedgebiet. De fûgel komt sawol yn 'e drûge as yn 'e fochtige steppe foar. In grutte populaasje migrearret fan Sintraal-Sibearje oer Kontinintaal-Jeropa en de Middellânske See nei West-Afrika.

Reade grillen binne benammen te finen as briedfûgels op 'e Arktyske tûndragebieten net fier fan 'e kust ôf. Fierder briedt de fûgel graach op rivieriggen, ek ynlânsk. Op 'e trek kinne reade grillen op waadflaktes oan 'e kust sjoen wurde, mar seldsumer ek ferspraat yn it hiele binnenlân. Faak binne lytse oerflakken foar de fûgels al genôch om iten te sykjen.

Ta harren dieet hearre boarstelwjirmkes, lytse skulpdieren en slakken, ynsekten en harren larven . Miggen en dûkmiggen tsjinje as iten op it briedplak.

Op 'e rêstplakken yn 'e winter bringt de fûgel tachtich persint fan 'e tiid troch mei it sykjen nei iten. Yn syn briedgebiet bringt er 55 oant 65 persint fan it deiljocht troch mei foerazjearjen. Reade grillen bewege stadiger en rêstiger as bûnte grillen. Hy is boppedat sterker spesjalisearre yn it sykjen op 'e taast en giet faak oant de búk it wetter yn.

Wintergasten yn Hongkong.

Yn it tredde libbensjier wurdt de fûgel geslachtsryp. Pearen wurde meastentiids al yn 'e oerwinteringsgebieten foarme. Under de briedtiid tusken mids maaie en ein juny leit it wyfke oant fiif aaien. De earste piken binne lykwols op syn ierst fan mids oant ein july fleanfluch.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reade gril hat in hiel grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt rûsd op 420.000 oant 960.000 folwoeksen fûgels rûsd. Stúdzjes litte lykwols sjen dat it tal fûgels sterk ôfnimt, sa bot dat de soarte sûnt 2024 troch de IUCN as bedrige beskôge wurdt yn 'e kategory kwetsber (Vulnerable, VU). De oarsaak fan 'e ôfname is net fêststeld, mar nei alle gedachten spilet habitatferlies yn 'e rêst- en wintergebieten, effekten fan klimaatferoaring (foaral fermindere briedsukses), fersteuring en jacht in rol.

Resinte gegevens út West-Afrika, dêr't sawat 35% fan de populaasje oerwinteret, wize op in katastrofale efterútgong tusken 2011 en 2020, wat oer trije generaasjes sjoen oerienkomt mei sawat 80%. Eardere gegevens lieten in beheindere ôfname sjen, of sels hielendal gjin ôfname. Ek stúdzjes yn Súdeast-Aazje, en yn eastlik en súdlik Afrika (dêr't ek 35% fan 'e wrâldpopulaasje oerwinteret) litte sjen dat de oantallen sterk tebekrinne, yn in hieltyd heger tempo. Ek yn Súd-Aazje wize de sifers op in ôfname.

De reade gril is ek gefoelich foar fûgelgryp en botulisme.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 353.