Readbrune tigerreiddomp
| Readbrune tigerreiddomp | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tigrisoma lineatum | ||||||||||||
| Boddaert, 1783 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De readbrune tigerreiddomp (Tigrisoma lineatum) is in fûgelsoarte út de famylje reagerfamylje (Ardeidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De readbrune tigerreiddomp is in middelgrutte fûgel út de reagerfamylje, dy't likernôch 66 oant 76 sintimeter lang wurdt. Mantsjes en wyfkes sjogge der hast itselde út.
De kop en de lange, frij dikke hals hawwe in brúneftige kleur, fan kastanje- oant kanielbrún. De snaffel is relatyf lang (oant sa'n 10 sintimeter) en kin fan kleur ferskille, ôfhinklik fan âldens en seizoen. Meastentiids is de boppesnaffel donkerder as de ûndersnaffel. By de basis fan 'e snaffel is de hûd giel. De eagen binne giel oant ljochtbrún.
Oer de hals rint in lange brune streek, mei oan beide kanten wite bannen. De rêch en de sturt binne donker mei in grienige glâns. De wjukken binne donkergrizich. Op 'e rêch en de wjukken sit in fyn patroan fan streekjes en stipkes, dat ek trochgiet nei de kop. De búk is griis mei in ljochtgielbrune tint. De skonken binne relatyf lang en hawwe in oliifeftige oant swarte kleur oan 'e foarkant en grien oan 'e achterkant.

Juvenilen sjogger der hiel oars út en ha in patroan fan swarte en gielbêzje streken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De readbrune tigerreiddomp komt yn in grut part fan Midden- en Súd-Amearika foar. It ferspriedingsgebiet leit fan Gûatemala en Hondoeras yn it noarden oant it noarden fan Argentynje en Oerûguay yn it suden.
De fûgel is te finen by sompen en oan iggen fan stadich streamende rivieren mei in soad begroeiïng. Se komme ek foar yn mangrovebosken en op grutte flaktes dy't geregeldwei splis steane, lykas de Pantanal yn Brazylje of de Paraguayaanske Chaco. Meastentiids libje se op leechlân ûnder de 500 m.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readbrune tiggerreiddompen binne lykas oare reiddompen skouwe en solitêre fûgels, dy't leafst tusken tichte begroeiïng bliuwt. De rop fan 'e soarte wurdt wol ferlikene mei it âljen fan in ko en de fûgel wurdt yn Brazylje dêrom ek wol kowefûgel neamd.[1]
De readbrune tigerreiddom briedt net yn koloanjes mar solitêr. It nêst is in rommelich platfoarm yn 'e beam op tûken dy't oer it wetter hingje en bestiet meast út ien oant trije smoarchwite oant blauwite aaien mei lytse reade, brune of fiolette plakjes. De aaien wurde yn likernôch 31 oant 34 dagen útbred en it nêst wurdt fûl ferdigene.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje wurdt as stabyl beskôge. In rûzing út 2022 giet út fan in populaasje fan 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige op 'e Reade list klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Amerikaanske tigerreiddomp
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla

