Readbrune nachtreager
| Readbrune nachtreager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Nycticorax caledonicus | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De readbrune nachtreager of readbrune kwak (Nycticorax caledonicus) is in fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels. It is ien fan 'e twa soarten yn it skaai kwakken (Nycticorax).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De readbrune nachtreager wurdt sa'n 55 oant 65 sintimeter en hat faak wat in yninoar dûkte hâlding, itjinge him in kompakt oansjen jout. De fûgel hat in kanielbrúne rêch en wjukken mei in wite oant krêmkleurige ûnderkant en hals. Hy hat in opfallende swarte krún dy't rint oant yn 'e nekke. Syn eagen binne grut en felgiel. Dy grutte eagen helpe him om nachts goed te sjen. Yn 'e peartiid groeie út 'e nekke twa of trije lange sierfearren, dy't oer de rêch hingje. De krêftige snaffel is puntich en swart fan kleur. De poaten binne ornaris gielich, mar yn it briedseizoen kinne dy nei rôze of sels readich ferkleurje.

De jonge fûgels sjogge der hiel oars út. Se binne brún mei oeral ljochte, wite plakjes en streken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De readbrune nachtreager komt yn benammen Australaazje en Súdeast-Aazje foar. De soarte libbet yn hast hiele Austraalje, útsein yn 'e drûge woastyngebieden, op 'e Filipinen, yn Yndoneezje (lykas Java), Papoea Nij-Guineä, op 'e Salomonseilannen en oare eilannen yn 'e Stille Oseaan lykas de Palau-eilannen en Nij-Kaledoanje. Yn Nij-Seelân hat de fûgel himsels yntrodusearre.
Syn habitat bestsiet út wiete gebieden lykas sompen en iggen fan stadich streamende rivieren, marren en greiden dy't ûnderstrûpt binne. Oare gebieten dêr't er waarnommen wurdt binne mangroves, estuaria en koraalriffen. De fûgel hat him goed oanpast oan 'e minske en wurdt ek faak yn stedsparken, tunen mei fivers en sels op fleanfjilden of by yrrigaasjekanalen sjoen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne seis ferskillende ûndersoarten bekend mei ferskillen yn kleurintinsiteit, formaat, sierfearren, wjuklingte en snaffelgrutte, wêrfan't ien útstoarn is.
| Undersoarte | Fersprieding | Skaaimerken / Ferskillen |
|---|---|---|
| N. c. australasiae | Austraalje, Nij-Seelân, Nij-Guineä en Java | De meast bekende en wiidfersprate foarm. Ljochter fan kleur as de Filipynske fariant. |
| N. c. manillensis | Filipinen en noardlik Borneo | Relatyf grut en tsjuster. De boppekant is djip brúnread en de ûnderkant hat in kastanjebrune gloed. |
| N. c. caledonicus | Nij-Kaledoanje (Grande Terre) | De nominaatfoarm. De boppekant is faak wat doffer en grizer as by de oare ûndersoarten. |
| N. c. mandibularis | Salomonseilannen en de Bismarckarsjipel | Libbet op 'e eilannen eastlik fan Nij-Guineä. |
| N. c. pelewensis | Palau en de Karolinen (Mikroneezje) | In lytsere fariant dy't spesifyk op 'e Pasifyske eilannen foarkomt. |
| N. c. crassirostris † | Bonin-eilannen (Japan) | Utstoarn sûnt it de ein fan 'e 19e iuw. De fûgel hie in opfallend tsjokke snaffel. |
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readbrune nachtreagers briede it leafst yn grutte groepen, faak tegearre mei oare reagers, ielguozzen en leppelbekken. It nêst is frij ienfâldich en makke fan tûken en strie en boud yn beammen of strûken tichteby it wetter. Op guon eilannen briede se by brek oan beammen ek op 'e grûn of yn rotsspjalten. It wyfke leit meastentiids twa oant fiif ljochtgriene aaien. Beide âlden wikselje inoar by it brieden ôf, dat 21 oant 22 dagen duorret. De piken binne brúnwyt en wurde troch de âlden fuorre troch foarfertarre fisk en ynsekten op te koarjen. Nei sa'n 6 oant 7 wiken binne de jongen grut genôch om út te fleanen. De briedtiid ferskilt geografysk en hinget bot ôf fan it iten en de rein.

Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in relatyf stabile wrâldpopulaasje. Der binne lykwols lokale bedringen lykas bygelyks fersmoarging, ferlies fan habitat, yntrodusearre rôfdieren en fersteuring fan briedplakken. De fûgel wurdt yn 2024 troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Kwak
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Krysteilân
- Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân)
- Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje
- Lânseigen fauna yn Nij-Seelân
- Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen
- Lânseigen fauna yn Palau
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen
- Lânseigen fauna yn East-Timor
