Springe nei ynhâld

Readbrún grûndoke

Ut Wikipedy
Readbrúngrûndoke

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaailytse grûndowen (Columbina)
soarte
Columbina talpacoti
Temminck, 1810
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It readbrún grûndoke (Columbina talpacoti) is in fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae).

Readbrune grûndokes wurde 15 oant 18 sm lang en ha in readbrune rêch mei swarte streekjes. It kopke en de nekke fan it mantsje binne griis. De hals, it boarst en de ûnderkant binne ljochter en de slachpinnen binne swartbrún. Wyfkes binne bruner as it mantsje en ha gjin blaugriis kopke.

De soarte komt yn in grut gebiet fan Meksiko oant Súd-Amearika foar.

Der wurde fjouwer ûndersoarte erkend:

Readbrune grûndokes passe harren maklik oan keunstmjittige omjouwings oan. Se libje yn iepen gebieten en profitearje fan 'e ûntbosking, dy't de útwreiding fan it ferspriedingsgebiet mooglik makket, benammen dêr't gebieten yn greidlân of ikkerbou feroarje. Se komme yn it súdeasten en de middenwestlike regio's fan Brazylje ek yn stêden foar.

De populaasje wurdt op 5.000.000 oant 50 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen tanimt. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige (LC, 2020) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: