Springe nei ynhâld

Readboarsttangare

Ut Wikipedy
Readboarsttangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiholsnaffeltangaren (Ramphocelus)
soarte
Ramphocelus nigrogularis
P.L. Sclater, 1858
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De readboarsttangare (Ramphocelus nigrogularis) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai holsnaffeltangaren (Ramphocelus), wêrfan't de mantsjes in wyteftich oant blaugriis plak op 'e ûndersnaffel ha (by wyfkes is dat by in oantal soarten folle minder).

De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.

Ramphocelus nigrogularis.

De 18 oant 19 sm lange fûgel hat in swart gesicht, swarte wjukken, in swarte mantel, búk en sturt. Fierder is de fûgel helderread. De snaffel hat in sulveren glâns. Wyfkes binne hast itselde as mantsjes, mar binne wat doffer. De fûgel hat in soad fan 'e fermiljoentangare (Calochaetes coccineus), mar dy soarte libbet yn hegere dielen.

De fûgel komt fan it fochtige súdeasten fan Kolombia oant it noarden fan Bolvia en it westlike Amasônegebiet fan Brazylje foar oant in hichte fan 600 m.

De soarte libbet yn 'e Andes fan súdeastlik Kolombia oant Ekwador en eastlik Perû.

De soarte wurdt as stabyl beskôge. Dêrfandinne wurdt de fûgels troch de IUCN as net bedrige (LC, 2018) op 'e Reade list klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: