Springe nei ynhâld

Readboarstgraupiper

Ut Wikipedy
readboarstgraupiper
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegraupiperfûgels (Prunellidae)
skaaigraupipers (Prunella)
soarte
Prunella rubeculoides
Moore, 1854
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De readboarstgraupiper (Prunella rubeculoides) is in Aziatyske sjongfûgel út 'e famylje fan 'e graupipers (Prunellidae) dy't yn heechberchten foarkomt.

Uterlik en lûd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is in relatyf grutte graupiper, mei in lichemslingte fan 16 oant 17 sintimeter. Hy hat in effen grize kop, in readoranje boarst en in wite bûk. De jonge fûgel liket op in jonge streke graupiper (Prunella strophiata), mar hat in boarst sûnder streken.

Fersprieding en taksonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel wurdt ornaris ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende ferspriedingsgebieden:

  • Prunella rubeculoides muraria – komt foar yn 'e Himalaya, fan Noard-Pakistan oant Ladakh en nei alle gedachten Xinjiang.
  • Prunella rubeculoides rubeculoides – komt foar yn 'e Himalaya, fan Noardwest-Yndia oant Nepal, Sikkim en Súdeast-Tibet.
  • Prunella rubeculoides fusca – komt foar yn bercheftige gebieten yn Sintraal-Sina.

De ûndersoarte fusca wurdt faak ta de nominaatfoarm rekkene.

De soarte is foaral in stânfûgel, mar migrearret by in soad kjeld en snie ek nei legere of hegere dielen (hichtetrek).

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De readboarstgraupiper libbet yn alpine gebieten op hichten tusken 3.000 en 5.300 meter boppe seenivo, dêr't er yn leechbliuwende strewellen en tichte gerspôlen briedt. Winterdeis is de fûgel te finen yn rotsige gebieten tichteby minsklike delsettings. Hy siket syn iten – ynsekten, oare wringeleazen en sied – benammen op 'e grûn, soms yn lytse groepen.

De fûgel briedt tusken maart en augustus en kin twa lechsels yn it seizoen grutbringe. It wyfke leit likernôch fjouwer blaugriene aaien yn in komfoarmich nêst. It wyfke pearet faak mei meardere mantsjes.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje. Der binne gjin grutte bedrigingen bekend. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as 'net bedrige' (Least Concern, LC). De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net rûsd; de soarte komt lykwols lokaal foar yn Pakistan, is algemien yn Noard-Yndia, frij algemien yn Nepal en net algemien yn Bûtan.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: