Readbekwevers
Appearance
| Readbekwevers | ||
| readbekwever | ||
| Taksonomy | ||
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
| boppefamylje: | moskfûgels (Passeroidea) | |
| famylje: | weverfûgels (Ploceidae) | |
| skaai | readbekwevers (Quelea) | |
| Reichenbach, 1850 | ||
It fûgelskaai readbekwevers (Quelea) heart ta de famylje fan 'e weverfûgles (Ploceidae).
It skaai bestiet út lytse fûgelsoarten fan 10 oant 14 sm lang. Se komme yn Afrika ûnder de Sahara foar. Mantsjes ha faak in opfallend reade of readoranje snaffel en yn 'e briedtiid somtiden reade kopkes. Wyfkes binne mear gielgrien of brún.
Se komme op savannes somtiden yn ûnbidich grutte kloften foar fan wol miljoenen fûgels tagelyk en kinne in pleach foar de lânbou wêze. De bekendste soarte, de readbekwever, wurdt wol de meast foarkommende fûgel fan 'e wrâld.
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status/Trend |
|---|---|---|---|---|
| Quelea cardinalis | Kardinaalwever | Boerûndy, Kongo-Kinsjasa, Etioopje, Kenia, Malawy, Rûanda, Súd-Sûdan, Tanzania, Uganda, Sambia | net bedrige stabyl[1] | |
| Quelea erythrops | Readkopkweleä | Ferskillende ferspriedingsgebieten yn Afrika besuden de Sahara | net bedrige stabyl[2] | |
| Quelea quelea | readbekwever | Afrika ûnder de Sahara, ûntbrekt op Madagaskar en yn reinwâlden, hege berchtmes en de súdkust fan Súd-Afrika | net bedrige stabyl[3] | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
