Springe nei ynhâld

Readbúkpappegaai

Ut Wikipedy
readbúkpappegaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljePappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaaigrutkoppappegaaien (Poicephalus)
soarte
Poicephalus rufiventris
Rüppell, 1842
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De readbúkpappegaai (Poicephalus rufiventris) is in fûgel yn it skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus) út de famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).

Wyfke.

De readbúkpappegaai wurdt likernôch 23 sm lang en hat in grutte snaffel en koarte sturt. It mantsje hat in oranje boarst mei ek wat oranje oan 'e ûnderkant fan 'e wjukken en in griene búk en griene poatfearkes en sturtdekfearren. De rest fan 'e fearren binne griisbrún. De eagen binne oranjeread en de eachring, snaffel en poaten swart. It wyfke hat gjin oranje, is donkerder en fan ûnder grien dat nei de búk griener wurdt.

De soarte komt yn eastlik Afrika foar en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

  • Poicephalus rufiventris pallidus - yn 'e drûge toarnebosken eastlik Etioopje en Somaalje.
  • Poicephalus rufiventris rufiventris - fan sintraal Etioopje en eastlik Kenia oant noardeastlik Tanzania.[1]

De readbúkpappegaai wurdt op savannes en yn iepen boskgebieten oantroffen. Hy wurdt meastentiids yn pearkes sjoen, faak tichteby fruchtbeammen.

Der bestiet gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de soarte wurdt as net gewoan oant frij algemien beskreaun en de populaasje soe stabyl wêze. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: