Springe nei ynhâld

Readbúkkûkaburra

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Readbúkkookaburra)
Readbúkkûkaburra

Wyfke.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaikûkaburra's (Dacelo)
soarte
Dacelo gaudichaud
Gaimard, 1823
IUCN-status: net bedrige

De readbúkkûkaburra (Dacelo gaudichaud) is ien fan 'e fiif fûgelsoarten fan it skaai kûkaburra's (Dacelo) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Dacelo gaudichaud.

De readbúkkûkaburra wurdt likernôch 28 sm lang en is ien fan 'e lytste soarten yn it skaai. De kop fan 'e fûgel is swart mei in wite eachstreek en ûnder de swarte kop in wite kraach. It boarst en de búk binne readbrún. De mantel is swart mei blauwe dekfearren op 'e wjukken en in blauwe stút. Mantsjes ha in blauwe sturt, wyfke in brúnreade sturt.

Fersprieding en libbensgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De readbúkkûkaburra komt op Nij-Guineä en oanbuorjende eilannen foar. It libbensgebiet bestiet út tropysk bosk yn leech- en heuvellân oant in hichte fan 600 m boppe seenivo. Yn 'e ûndergroei siket er nei hagedissen en ynsekten.

De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre (2024). Meidat de lêste tiid in lyts part fan it biotoop ferneatige is, wurdt oannommen dat de oantallen stadichoan ôfnimme.

De wittenskiplike namme is ferneamd nei de Frânske natoerûndersiker Charles Gaudichaud-Beaupré (1789-1854).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: