Springe nei ynhâld

Readbúkglânsstaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Readbúkglânsprotter)
Readbúkglânsstaar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiglânsstaren (Lamprotornis)
soarte
Lamprotornis pulcher
Statius Müller, 1776
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De readbúkglânsstaar of readbúkglânsprotter (Lamprotornis pulcher) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

De 19 sm lange fûgel hat in griisbrune kop en glânzgjende brûnsgriene boppedielen, wylst de búk en ûnderkant kastanjebrún binne. De iris is krêmwyt. Yn 'e flecht is te sjen dat de primêre dekfearren krêmkleurich binne. Jonge fûgels binne doffer en ha in jiskebrune kiel en boarst, in ljochtere snaffel en in donker each.

De fûgel komt foar yn 'e hiele Sahel-regio fan súdlik Mauretaanje, Senegal en Gambia, súdlik Maly en noardlik Gana oant súd-sintraal Sûdan, noardlik Eritreä en noardwestlik Etioopje. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling is yn ien of mear ûndersoarten.

It habitat fan 'e fûgel bestiet út drûch lân en agrarysk gebiet, faak by doarpen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se sykje op 'e grûn nei ynsekten lykas termiten en krobben of beien. De fûgel hat in opfallend koöperatyf briedgedrach. Yn in stúdzje út Nigearia die bliken dat se groepen fan acht oant 28 fûgels foarmje, mei teminsten twa briedpearkes. It briedpear bout it nêst twa oant trije meter boppe de grûn en leafst yn 'e Balanites aegyptiaca. As de aaien útkomme, helpe de oare fûgels fan 'e groep om de jongen te fuorjen, it nêst skjin te meitsjen en te ferdigenjen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, dy't as stabyl beskôge wurdt. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (LC, 2018). De bestiet gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar it foarkommen wurdt as algemien oant seldsum beskreaun.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: