Springe nei ynhâld

Readbânwilster

Ut Wikipedy
readbânwilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus pallidus
Strickland, 1853
IUCN-status: net bedrige

De readbânwilster (Anarhynchus pallidus, synonym: Charadrius pallidus) is in waadfûgel yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Readbânwilsters binne lytse, likernôch 15 sintimeter lange fûgels. Se binne griisbrún fna boppe en wyt fan ûnder mei in smelle readbrune boarstbân. In folwoeksen mantsje hat in swarte bân boppe de wite foarholle en in koarte swarte eachstreek. It wyfke liket op it mantsje, mar mist de swarte markearrings. It jong hat in folsleine of brutsen grize boarstbân en mist sawol swart as readbrún yn it fearrekleed.

Readbânwilsters komme yn Afrika ûnder de Sahara foar en wurde yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ferdield:

  • Anarhynchus pallidus pallidus – komt foar op guon lokaasjes yn súdlik Afrika: lâns de kust fan súdwestlik Angoala, in pear lokaasjes yn súdlik Súd-Afrika en Mozambyk en it binnenlân yn noardlik Namybje, noardlik Botswana en it sintrale diel fan noardlik Súd-Afrika.
  • Anarhynchus pallidus venustus - komt foar by sâltmarren yn 'e Grutte Slink op 'e grins tusken Kenia en Tanzania.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in foarkar foar sâltsompen, sâltmarren, en kustlagunes en estuaria. It dieet bestiet út ynsekten, dy't er soms yn 'e flecht fangt, en skulpdieren dy't er fan 'e kust plukt. De fûgel is nei alle gedachten foar in part migrearjend en nomadysk.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet, mar fanwegen syn spesifike habitateasken komt er tige ûnregelmjittich foar. Bûten it briedseizoen wurdt er mar op njoggen lokaasjes fûn, dy't bedrige wurde troch habitatferneatiging. Wetlands International (2021) rûsde de populaasje yn súdlik Afrika op 11.000 oant 16.000 fûgels en yn eastlik Afrika op 6.500 fûgels. Tocht wurdt dat de populaasje stabyl is. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret er oer it algemien as net bedrige (Least Concern, 2021).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: