Reüniongoes
Reüniongoes | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() rekonstruksje | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
† Alopochen kervazoi | ||||||||||||
Cowles, 1994 | ||||||||||||
útstoarn
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Reüniongoes (Alopochen kervazoi) is in útstoarne einfûgel (Anatidae) fan it eilân Reünion. De soart is nau besibbe oan 'e Nylgoes (Alopochen aegyptiaca).
Der bestiet ien beskriuwing fan 'e Rëüniongoes fan Sieur Dubois út 1674. Hy beskriuwt dat se goed te iten wiene en op Europeeske guozzen liken, mar lytser wiene en reade poaten en in reade snaffel hiene. Fierder is de soarte allinnich bekend fan subfossile bonken en lytse ferslaggen.
Al yn 1667 klage François Martin oer de swiere jacht op 'e fûgels fan Reünion. De lêste waarnimming fan 'e soarte wie op in list fan De la Merveille út 1709. Mar om't Jean Feuilley yn 1705 gjin wetterfûgels opnommen hie yn syn katalogus oer de dieren fan Reünion, liket it der op dat De la Merveille syn waarnimming basearre op ferâldere ferhalen. De lêste wisse waarnimming fan 'e soarte wie dêrfandinne fan Père Bernardin yn 1687. Nei alle gedachten is de soarte yn 'e jierren 1690 útstoarn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|