Springe nei ynhâld

Rayonnante gotyk

Ut Wikipedy
La Sainte-Chapelle (Parys)

Rayonnante gotyk is in faze yn 'e goatyske arsjitektuer fan 'e letter 12e oant en mei de hiele 13e iuw, dy't de klam leit op in soad ljocht, fertikaliteit en fyn maaswurk. Rayonnant betsjut yn it Frânsk letterlik strieljend en ferwiist nei it strieljende patroan fan it maaswurk yn roasfinsters.

Yn 'e rayonnante gotyk wurdt de arsjitektuer jimmeroan eleganter: de muorren losse har om sa te sizzen op yn glês en konstruktive eleminten wurde sa slank mooglik útfierd. De styl ûntwikkele him út de heechgotyk, doe't boumasters de technyske grinzen fan glês-yn-lead, steunbearen en ribferwulften fierder ferleinen. De earste bouwurken yn 'e styl waarden yn Frankryk, benammen yn Parys en it Île-de-France, boud. De rayonnante gotyk waard fral tapast yn katedralen, kapellen mei oansjen, kleaster- en stedstsjerken. De faze dy't de rayonnante gotyk opfolge wurdt de flamboyante gotyk neamd.

Noardlik roasfinster Notre-Dame.

Suvere Frânske rayonnant-goatyske bouwurken lykas de Sainte-Chapelle binne yn Nederlân net te finen om't lokale boutradysjes en materialen oars wienen (bakstien ynstee fan kalkstien). Wol binne der foarbylden fan rayonnante ynfloeden.

Ferneamde foarbylden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûten Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]