Springe nei ynhâld

Raymond Bass

Ut Wikipedy
Raymond Bass
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeRaymond Henry Bass
bynammeBen
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum15 jannewaris 1910
berteplakChambersville (Arkansas)
stjerdatum10 maart 1997
stjerplakLos Angeles
lingte1.67 m
gewicht59 kg
sportive ynformaasje
sportTurnen
O.S.Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932

Raymond Henry (Benny) Bass (Chambersville (Arkansas), 15 jannewaris 1910 - Los Angeles, 10 maart 1997) wie in Amerikaansk turner.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, by it touklimmen yn in tiid fan 6.7 sekonden.

Nei syn ôfstudearjen oan de Amerikaanske Marine-akademy yn Annapolis yn 1931 tsjinne Raymond Bass oant 1959 by de Amerikaanske Marine en berikte úteinlik de rang fan fise-admiraal. Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie er kommandant fan ûnderseeërs, ien fan de mar twa marineoffisieren dy't dy posysje yn 'e kriich besette en it neifertelle koe. Nei de Japanske kapitulaasje late Bass tolve ûnderseeërs nei de Baai fan Tokio. Nei syn pinsjonearring by de marine wurke Benny Bass as konsultant foar in produksje- en yngenieursbedriuwen letter waard er makelder.
Raymond Bass ferstoar op 10 maart 1997 yn 'e âldens fan 87 jier.

Olympyske Simmerspullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Plak Resultaten
1932 Feriene Steaten
Los Angeles
Goud Touklimme
Boarnen, noaten en/as referinsjes: