Ravenstein (stêd)
| Ravenstein Ravvestèìjn | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3.155 (2024)[1] | |
| Oerflak | 2,02 km² - lân 1,89 km² - wetter 0,12 km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51° 47' N 5° 39' E | |
| Kaart | ||
Ravenstein is in histoarysk stedsje oan 'e Maas yn 'e provinsje Noard-Brabân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stedsje hat in rike skiednis dy't werom giet oant de midsiuwen. Ravenstein krige yn 1380 stedsrjochten fan Walraven van Valkenburg, hear fan Herpen en Ravenstein. De strategyske lokaasje oan 'e Maas makke fan it plak in belangrike hannels- en fêstingstêd.
Ravenstein wie it sintrum fan it lytse, selsstannich gebiet mei de namme Lân fan Ravenstein. Yn 'e rin fan 'e tiid wie it Lân fan Ravenstein yn besit fan ferskillende foarstedommen.
Oars as de rest fan Noard-Brabân, dat foar in grut part ûnder Steatsk bestjoer foel fan 'e Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, wie it Lân fan Ravenstein in katolyk gebiet ûnder bygelyks de hartoggen fan Palts-Neuburg. Dat makke it foar kleasters mooglik om dêr stiftingen te bouwen, wylst dy earne oars ferbean wiene.
Troch de godstsjinstfrijheid hie Ravenstein in bloeiend roomsk libben yn 'e 17e en 18e iuw. Ut 1735 datearret de Sint-Lesijtsjerke, de iennige katolike barokke tsjerke fan Nederlân sûnt de reformaasje.
Ravenstein wie in fêstingstêd mei poarten, grêften en bolwurken en de stêd spile in rol by militêre konflikten lykas de Tachtichjierrige Kriich. Yn 'e 19e iuw rekken de ferdigeningswurken yn ferfal en dy binne doe foar in grut part ôfbrutsen.
Ravenstein hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2003 waard Ravenstein ûnderdiel fan 'e gemeente Oss. Hjoed-de-dei is Ravenstein bekend om de histoaryske binnenstêd mei in grut oantal monuminten.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De stellingmûne De Nijverheid (1857)
- It 17e-iuwkse riedshûs fan Ravenstein.
- De Sint-Lesijtsjerke.
- De protestantske garnizoenstsjerke.
- De foar in part noch besteande fêstingwurken en stedspoarten.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hûs mei trepgevel.
- Strjitte yn Ravenstein.
- Garnizoenstsjerke.
- Sint-Lesijtsjerke.
- Stedsmûne.
- Edithbrêge.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
