Springe nei ynhâld

Maleiske fjildrôt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rattus tiomanicus)
Maleiske fjildrôt
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljemûseftigen (Muridae)
skaaiechte rotten (Rattus)
soarte
Rattus tiomanicus
Miller, 1900
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Maleiske fjildrôt (wittenskiplike namme: Rattus tiomanicus), ek wol de Maleiske boskrôt neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist is lânseigen yn dielen fan Súdeast-Aazje. It is in nachtdier mei in omnivoar dieet. De IUCN klassifisearret de Maleiske fjildrôt as net bedrige.

It ferspriedingsgebiet fan 'e Maleiske fjildrôt leit yn Súdeast-Aazje en omfiemet it skiereilân Malakka fan 'e Lâningte fan Kra oan 'e súdpunt by Singapoer ta, mei dêropta de trije westlikste Grutte Sûnda-eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel: Sumatra, Java en Borneo. Fierders komt dit bist ek foar op ferskate lytsere omlizzende eilannen, wêrûnder de eilannen yn 'e Strjitte Malakka, tusken Malakka en Sumatra yn; it eilantsje Enggano, súdwestlik fan Sumatra; en Baly, fuort beëasten Java, dat it westlikste fan 'e Lytse Sûnda-eilannen is. Ta einbeslút hearre ek Palawan, yn it westen fan 'e Filipinen, de eilantsjes yn 'e Balabacstrjitte tusken Palawan en Borneo, en de Calamianeilannen benoarden Palawan ta it ferspriedingsgebiet fan 'e Maleiske fjildrôt.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Maleiske fjildrôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 14–19 sm, mei in sturtlingte fan 15–20 sm en in gewicht fan 55–150 g. De sturt is like lang of sels wat langer as it lichem. De earen binne grut en frijwol ûnbehierre. De poaten binne breed en op 'e soallen sitte fine ribbels foar in bettere gryp by it klimmen.

De pels is glêd en leit it bist plat oer de lea, mar der sitte hjir en dêr koarte stikels trochhinne. Op 'e rêch en de oare boppeste lichemsdielen hat de pels in nei oliif oerhingjende brune kleur, mei dêrtrochhinne fersille langere swarte hierren. De sturt is ek ticht begroeid mei ienkleurich brún hier. De bealch en de oare ûnderste lichemsdielen binne ljochtgriis oant wyt.

De Maleiske fjildrôt kin ûnderskaat wurde fan 'e yn itselde gebiet foarkommende rysfjildrôt (Rattus argentiventer) troch de effen witige bealch en om't er gjin oranje plakken oan 'e foarkant fan 'e earen hat. Fan Annandale's rôt (Rattus annandalei) kin er ûnderskaat wurde troch de stikels yn syn fierders glêde pels en trochdat de wyfkes minder oeren hawwe.

Hoewol't dit bist de namme fan 'fjildrôt' hat, binne syn karakteristike biotopen tropysk reinwâld en mangrovewâld. Ek komt er wol foar yn sekundêr wâld. Dêrnjonken kin er ek oantroffen wurde yn iepen gerslân, plantaazjes foar de produksje fan palmoalje, savanne-eftige kriten en tunen. Mar gebouwen mijt er hast altyd.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Maleiske fjildrôt is in nachtdier, dat him oerdeis deljout om te rêsten. Hy graaft lykwols gjin hoalen, mar bout nêsten yn 'e krunen fan palmbeammen, bewennet beamholten of makket sels holten yn rotsjende omfallen beamstammen. Ek ferskûlet er him wol tusken heapen roaide stammen dy't opsteapele lizze. Yn plantaazjes bewenje yndividuën tige lytse territoaria, dy't soms mar inkele njonkeninoar steande palmbeammen omfiemje kinne.

De Maleiske fjildrôt hat gjin spesifike peartiid, mar kin him it hiele jier rûn fuortplantsje. Wyfkes smite dêrby nei in draachtiid fan trochinoar 22 dagen in nêst fan 2–7 jongen, dy't keal, blyn en helpleas te wrâld komme. Se ûntwikkelje har lykwols fluch en wurde mei 21–29 dagen ôfwûn. Mei 51/2 moanne binne de wyfkes geslachtsryp; Foar de mantsjes duorret dat oant 81/2 moanne. De Maleiske fjildrôt hat in libbensferwachting fan sa'n 2 jier.

De Maleiske fjildrôt is in omnivoar, dy't sawol plantaardich materiaal fret as ynsekten en oar lyts dierlik wrimelt. Fruchten, dy't foar in grut diel fan lânbougewaaksen komme, meitsje lykwols in grut diel fan it dieet út. Yn palmoaljeplantaazjes kin de Maleiske fjildrôt wol foar 5% fan 'e rispinge ferneatigje, en dit bist wurdt dêrom troch plantaazje-eigners en bouboeren sjoen as skealik ûngedierte.

De Maleiske fjildrôt leit itensfoarrieden oan ûnder bulten ôfgnabbe blêden fan palmbeammen of fearplanten, en ek wol yn holten yn omfallen beamstammen. It komt foar, mar is seldsum, dat foar dat doel ek de ûndergrûnske hoalen fan oare rottesoarten brûkt wurde.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Maleiske fjildrôt binne ferskate soarten slangen, ûlen en rôffûgels.

De Maleiske fjildrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Der binne foar dit bist gjin spesifike bedrigings identifisearre, útsein bestriding troch de minske fanwegen it oanfretten fan lânbougewaaksen.

De Maleiske fjildrôt wurdt anno 2025 beskôge in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde. Der is yn dizze kontekst lykwols noch in protte ûndúdlik. Sa soene de populaasjes op Malakka, Sumatra, Java en Borneo ferskillende ûndersoarten wêze kinne, of sels ferskillende soarten. Ek is it mooglik dat beskate echte rotten dy't no as selsstannige soarten erkend wurde, yn 'e takomst ûndersoarten fan 'e Maleiske fjildrôt blike sille te wêzen. Dy twifel bestiet bygelyks oer de swarte Mindororôt (Rattus mindorensis) fan Mindoro, de Simalurrôt fan 'e Simalureilannen en de Nikobarenrôt (Rattus burrus) fan 'e Nikobaren.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Literatur, op dizze side.