Ramon (pornografysk akteur)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ramon
Ramon (akteur).jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Raúl Armenteros
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 2 febrewaris 1965
berteplak súdlik Floarida
etnisiteit Flag of Cuba.svg Kubaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
gjint

Ramon, echte namme: Raúl Armenteros (yn súdlik Floarida, 2 febrewaris 1965), is in Amerikaansk pornografysk akteur fan etnysk Kubaansk komôf. Hy sette yn 2003 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Hy waard benammen bekend troch syn wurk foar de webside BangBros en rollen yn films mei transseksuële aktrises.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ramon waard yn 1965 berne yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida en groeide op yn 'e stêdekloft fan Miami. Hy is in Latino fan etnysk Kubaansk komôf. Yn 2003 begûn er in karriêre as pornoakteur yn 'e tsjinst fan 'e webside BangBros, wêrby't er benammen opfoel fanwegen syn grutte penis (fan 33 sm). Hy wûn grutte populariteit as fêste akteur yn 'e Monsters of Cock-rige fan BangBros.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Ramon ein 2016 yn mear as 300 pornografyske films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Digital Sin, Red Light District, The Score Group, ClubJenna, Vivid Entertainment en Pure Play Media. Dêrnjonken hat er ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder net inkeld BangBros, mar ek Reality Kings en Brazzers.

Yn syn karriêre hat Ramon gearwurke mei aktrises as Britney Amber, Brandi Belle, Julia Bond, Angelina Castro, Renae Cruz, Sophie Dee, Ava Devine, Lacey Duvalle, Havana Ginger, Savannah Gold, Jenny Hendrix, Sara Jay, Kayme Kai, Leyla Lei, Shawna Lenée, Mia Lina, Rebeca Linares, Chastity Lynn, Gianna Michaels, Mariah Milano, Mya Nichole, Alexa Nicole, Aletta Ocean, Olivia O'Lovely, Bree Olson, Kristina Rose, Natalia Rossi, Rachel Roxxx, Faye Runaway, Hillary Scott, Misty Stone, Delilah Strong, Shyla Stylez, India Summer, Juelz Ventura, Kelly Wells en Ricki White.

Behalven heteroseksuële pornografy hat Ramon ek films mei pre-operative transseksuële aktrises makke, fral foar de filmstudio Trans500. Yn dat ferbân hat er fiif kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste transseksuële sekssêne.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar syn optreden yn
2013 Transgender Erotica Award nominearre bêste net-transseksuële artyst n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste transseksuële sekssêne (mei Brittany St. Jordan) I Kill It TS 1
nominearre bêste transseksuële sekssêne (mei Ariel Everitts en Castro Supreme) I Kill It TS 2
2015 AVN Award nominearre bêste transseksuële sekssêne (mei Wendy Williams) I Kill It TS 6
nominearre bêste transseksuële sekssêne (mei Vaniity en Castro Supreme) I Kill It TS 8
Transgender Erotica Award nominearre bêste net-transseksuële artyst n.f.t.
2016 AVN Award nominearre bêste transseksuële sekssêne (mei Kelli Lox) I Kill It TS 12: Monster Ass Fucks

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: