Springe nei ynhâld

Ralph Metcalfe

Ut Wikipedy
Ralph Metcalfe
sporter
Ralph Metcalfe om en de by 1965
Ralph Metcalfe om en de by 1965
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ralph Harold Metcalfe Sr.
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 29 maaie 1910
berteplak Atlanta
stjerdatum 10 oktober 1978
stjerplak Chicago
lingte 1.80 m
gewicht 82 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Sprint
O.S. Los Angeles 1932,
Berlyn 1936
debút 1930
karriêre-ein 1936
ekstra waard nei syn sportkarriêre lid fan it Amerikaansk Hûs fan Offurdigen
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1936,
Sulver grut sulver 2x Olympyske Spullen 1932, 1936,
Brûns grut brûns 1x Olympyske Spullen 1932

Ralph Harold Metcalfe Sr. (Atlanta, 29 maaie 1910 - Chicago, 10 oktober 1978) wie in Amerikaanske atleet en politikus.

Hy twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1932 en 1936). Hy waard ien kear Olympysk kampioen, op de 4x100 meter estafette mei Jesse Owens, Foy Draper en Frank Wykoff yn 1936.

Nei it beheljen fan syn master's, kaam er yn militêre tsjinst en focht er foar syn lân yn de Twadde Wrâldkriich. Nei de kriich waard er yn earste ynstânsje atletyk trainer oan de Xavier universiteit fan Louisiana. Yn 1949 waard er yn de gemeenteried fan dy stêd keazen, wêrnei't er yn 1971 út namme fan de Demokratyske Partij foar it 1e distrikt fan Illinois yn it Hûs fan Offurdigen keazen waard. Hjiryn hie er sitting oant syn dea. Ralph Metcalfe ferstoar op 10 oktober 1978, yn 'e aldens fan 68 jier oan in hertoanfal.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN